is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

wiid en al sa. Hwet wearlich, det kin men ommers seis ek wol dwaen as men oars gjin oanslach hat! In dichter...."

Ik wier takoft en gyng nei nümer trije. Dy andere forheard:

— „Ja, dèt scoene jy net witte!"

Mear krige ik der net üt. De man woe net leauwe det it tinken wier. Det moeide my, hwent earlik-wier: ik wist it net en ik woe 't al graech witte.

Skimerjoun kaem in goêfrjeon efkes oerwippen. Ik ken der him for, det er yens wirden hifket ear't er der hwet op weromseit, en op in earnstige frage sa mar net lichtfeardich-wei anderet hwet him earst yn 't sin komt. Oars koed er myn frjeon ek net wêze, hwent hwa't it neitinken to folie is, dy is my ek to folie.

„Siz dou my ris: hwet is in dichter?"

Hy makket seis ek fersen, en üt en troch goede, tinkt my. Forline wike hie de hjerst him yn 'e macht; do skreau er:

Sjuch! de blommen, skromf'Ie, giel,

Litte al hjar blêdden falie,

Skrousk en keal stiet dêr de stalle,

Long'rich op in sinnestriel!

Goed sjoen nou, en goed sein! Licht sei ik it krektsa forkeard en hie hy de hjerst yn 'e macht ynpleats fen 'e hjerst him.

Nei myn frage wier 't efkes stil yn 'e keamer. Do andere myn frjeon:

„Ien dy't forheven dingen forheven to sizzen wit. Ien dy't fen alles de oare kant sjucht. Ien dy't sizze kin hwet in oar swije moat, om't er de macht hat om syn tinzen fêst to halden en üt to tinken, sa, det se foarm en wêzen krije. Minskekenner is er ek. En yette üngelikense folie mear, mar ik kin 't net sizze!"

Foart neitiid stapte er wer op. Ik bleau in toarn allinne sitten. It wier ünderwilens forgoed tsjuster wirden ; mear as tiid om 'e lampe op. Mar ik hie gjin langst nei Ijacht. Ljacht hinderet it frije tinken. Ik ha 't wol, den moat ik de eagen tichtknipe, om better to sjên.

Ik tocht.