is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Hwet is in dichter? De minsken ha 'k frege om my hinne, mar nimmen dy 't krekt wist to sizzen. Jowt den det wird, jowt dy namme oan 'e dichter in wijing sa heech, det yens herte it formogen net hat om 't yn minskene sprake üt to bringen? Dichter! Is 't leauwer? Ef mear yette, is 't witter, bigriper fen al hwet üntkomt oan yens einich bigripen en witten? Sjucht er 't ünsjênbre, en mjit er de fierten fen 't ivich-ünmjitbre? Wit er to peilen de djipten fen libben en dea? To bidjipjen de grounleaze wiidten fen 't wêzen, fen kommen en gean en werkommen? Dichter! Is God yn syn wird en syn wirk?

Dêr wier ien by my yn 'e keamer komd. Ik hie Hjar al fornomd, myn frjeondinne. Hwent as hja tichteby is, wirde alle tinzen klanken en alle klanken sjongsum; den is myn herte' sprake, myn Frysk, my as in sé dy't mei stadich en steatlik weachforwegen it skip de eachsein lans draegt.

Muze fen 'e dichtkinst neamden de alden Hjar. En de Friezen plichten wol fen hjar Sjongfaem to praten. Mar ik doar net sizze ho't Hja hjit en eft Hja Hjar wol by in namme neame lit. Hwer't Hja weikomt, wit men net, noch hwer't Hja hinne gean scil. Hja is alles yn alles; Hja is it stille fen 'e romte, de koaraelsang fen 'e Natür; de ljachtens fen 'e dei, de tsjusterens en bjusterens fen 'e nacht; it rüzjen fen 'e simmerwyn yn 't beamte, it razen fen 'e stoarm oer sé en lan. Breed as dy fen in earn is Hjar flecht en it lüd fen it libbene wird is Hjar wjukslach.

Diskear wier Hja komd om my in andert to jaen.

Hwa't efter wolkne swart de blauwe himmel fielt, en moarntiidskleuren fynt yn 't sinken fen 'e sinne;

Hwa't ünder stoarmgebear de stiltme op kommen wit; oer eltse sé, ho wiid, in stran bieaget, en langst nei rêst fornimt yn 'e ünrêst fen 'e weagen;

Hwa't nóch oan 'e ikel hat om 'e ikelbeam to sjên; in wraldfol klanken heart yn 't rüzjen fen 'e reiden, in wraldfol libben sjucht yn 't triljen fen ien blêdke,