is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Det is in dichter! Hwent in dichter sjucht en fielt en fynt en wit en heart hwet oaren amper eanje. Syn each en ear omfiemje yn 't lytse it greate, yn 't hjoed it moarn, en yn hwet tichteby is 't fiere en frjemde. Syn herte is 't ierdryk lyk; in siekerl fait der yn, — en üt 'e opsketten ier tynt tüzenfalde frucht!

In mem tinkt tsjin hjar bern. In dichter fielt en seit de wirden dy't forklinke yn 't soarchsum memmeherte. In sike is him in bea, in trien de lude klacht fen 't folie moed, en yn in eachloaits sjucht er fen suvre ljeafde it hearlik-moaije byld.

In blomke bloeit op 't mêd. Sa mennich minske giet it sünder sjên foarby, — mar 't dichtereach sjucht alles! Det inkeld blomke is him yn al syn ienfald de rykdom fen Natür en fen hjar krektens 't merk. 't Seit ommers det nin swym forgetten wirdt oan 't lytse, al bloeit it greate er nést en freget foarser krêft!

It jounet; oer 'e wrald spraet nacht syn wjukken ut, en alles swijt en rêst. — De dichter heart dy stiltme! De neiklank fen 'e dei tynt üt 'e dei syn grêf omheech, en 't wirdt in sang fen groeijen en forbloeijen, fen kommen en forgean, mar ek fen libben det yn deaslom tarist wirdt mei nije groede.

Trochtinker is in dichter, en syn wird, syn wirk, it léste, it béste, it wearbyld fen syn tinzen; de ünmisbre kroane op 't wirkstik fen syn geast.

En ja! yn dichterwird en dichterwirk is God!

Sa hat Hja sein. En ik hab Hjar wirden opskreaun.

* *

#

Hwet scil ik hjir nou folie mear fen „dichterwêzen" skriuwe? Op syn heechst dingen dy't lêzers, dy't hjar opmerksum lézen oanwend ha, al witte.

For de oaren dit den.

Yn myn dichtstik „Ofskie en wersjên" jow ik in mem saun fjouwer-ryglige fersen lang tiid om tsjin hjar iennichste soan, dy't it ségat ütgiet, to sizzen hwet hja op 't herte hat. Hja seit den ek hiel hwet; dy't der nocht oan hat kin 't neilêze op side 8 fen Forjit my net 1900.