is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Yn '97 skreau ik in stik det hjitte „Masterske." Om 't oarde wird in trien. Walino Dykstra woe 't net yn Sljucht en Rjuchtha, it wier him fiersto sentimenteel, skreau er. Det wier my min nei 't sin. Ik joech it oan it Frysk Folksblêd, en det naem it graech. Wakkere fier roan ik dodestiids foart mei det „Masterske." Och, it wier yn 't earste jier fen myn skriuwerskip! Mar as ik nou detselde stik oerlêz, den siz ik tsjin my-sels: „Fij, ho kaemst der sa sleau by!" en ik jow Walino Dykstra great gelyk, det er it plak wegere.

De öfskiedswirden oan 't bigjin fen „Ofskie en wersjên" binne nèt sentimenteel. It is it earste klankbyld fen in rige fen acht, dy't meiïnoar ütbyldzje moatte hwet it boppeskrift seit. Wier ik inskilder, den hie 'k dy mem b.g. skilderje kinnen as in jierrich minske, det op hjar briedstoel sit yn in earmtlyk mar skjin wentsje, hjar rjuchterhan op hjar jonge syn bleate krollekop, hjar lofter op in tsjerkboek op 'e tafel. Nou, den hie myn frjeon der ommers wer hwet op to sizzen hawn. Hwent in fryske jonge, dy't nei sé ta scil, hat al lang de klots op as er mem for 't lést yetris dachseit en det tsjerkboek sit ommers yn 'e kiste, dy't jister foarütstjürd is nei Harns, ef Woarkum, ef Starum!

Krekt! Mar as skilder hie 'k by det öfskie dy klots net brüke kinnen, en det tsjerkboek perfoarst nedich hawn. En as dichter moast ik dy wirden brüke en ek allinne dy wirden, om fen it hiele ofskie, det ommers folie mear yn hie, in byld to jaen.

To folie op sa'n skildery, yn sa'n fers, is 't selde as in dük yn domenys hege hoed, ef in skoer yn in flagge dy't ütwaeit, ef in wart op 'e noas fen in Venus-byld; to min liket op in tsjerke sünder toer, in pleats sünder üleboerden, in stoel sünder beklynje. Dêrom moat men yen hoedzje for 't iene sa goed as for 't oare.

Alteast as 't der yen net om to dwaen is om krekt det to folie ef to min sjên to litten; d. i. om de humor, *) dy't yn 't wêzen fen 'e dingen leit, nei foaren to bringen.

Wis, in humorist is ek dichter. In Dütsker — it wit net mear hwa, en kin der op dit stuit net mei stean om 't op to siikjen — hat ris

*) Humor en koartswyl binne fensels twa. For humor wit ik yn 't Frysk like min in goed wird to finen, as yn 't Hollansk.