Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

sein; „Humor ist das Erhabene auf dem Kopfe gestellt," en sa is 't al sahwet, al hie ik for my Ijeaver sein: „Humor is it forhevene, fen in oare kant bisjoen,'' om't men oars miene kin det men hwet oan 'e dingen foroarje moat ear't se humoristysk binne, en det is sa net: men moat allinne mar efkes op in oar plak stean gean; sa, det men de dük sjucht en de skoer en de wart; ef sa det men gewaer wirdt det de toer en de üleboerden en de beklynje misse!

Humor is it forhevene, fen in oare kant bisjoen, — mar döchs it forhevene! En humor dêr't it forhevene, det is: it hiele om-en-yn fen natür en libben, net yn to fornimmen is, is gjin humor ef hattominsten in balke yn 't skyld.

Dêr komt my yette in ütspraek yn 't sin dy't ik gans oars sein habbe scoe. Ik bidoel dizze: „Wees meester van de taal, ge zijt het van 't gemoed!"

Net det ik dit gjin wierheit hjitte scil, mar „Wees meester van 't gemoed, ge zijt het van de taal!" is ek wier, en yette foliemoaijer wierheit, tinkt my. Dy Hollanske dichter syn sizzen is fensels det men in oar earst goed yn 't moed sprekke kin, as men de tael master is. Honear hat men nou it masterskip oer 'e tael? As men de wylde wiffe berntsjes fen yens eigen moed, det binne de tinzen, fêsthalde kin ont se ryp en ré binne.

Dy't in tinkbyld ré hat, hat der op 't selde stuit in teikenjend wird ef sin ef stik wirk for, det der utering oan jowt. In hopen scille miene det dit der wol ris oan hat, mar den meije hja wol ris by hjar seis freegje: wier it tinkbyld wol ré, dêr't ik nin goed wird for hie? Mei oare wirden: wist ik wol goed hwet ik sizze ef dwaen woe? En den scil 't andert né wêze, hwent in ré tinkbyld is in wird, ef in sin, ef in stik wirk.

As hjir nou mar wer net üt opnomd wirdt det alle wirden en sinnen en stikken wirk de frucht, it einsluten fen in ré tinkbyld binne! Och hearink!

— Oer 'e bitsjutting fen it wird dichter yet in mennich ryglen. De folksmiening det dichters ljue binne dy't fersen meitsje, sit derby üs hwet to folie yn. Op syn heechst rekkenje wy skriuwers der ek

Sluiten