is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

ünder. Mar in skilder is ek dichter, en in byldhouwer ek, en in komponist ek, en in boumaster ek. Elk kin dichter wêze yn wird en wirk.

En sje-dêr elk is ek wol ris dichter, elk folslein minske hat wol

ris in dichterlike rite!

't Hearenfean, 1902.

VII.

It sportfriezendom (I).

In kar ut trije. — Selskipswietens dy't oanwint. — Jonker Pyt en Sibbel, bolrinsters, in oprjuchte Fries, in falske loebis, de jongfaem dêr't it om giet, en de man mei 't slopke op 'e planken. — Net smoke! — ln oeralle naeidoaze. — Defoarsitter

en de eftersitter „en dizze twa binne ien". — Bistjürsdrokten. —

De ynstekker. — In boerefaem dy't de keilen bjarnt. — In slütskidammerske. - Pa en moe. — De skots. — Hofolle eftit jowt. — Proast! — Ut 'e tiid, do't de skriuwer ljeaver in sint hie as in dübeltsje; de lezer kin 't sadwaende fen tinken wol ha det it lang forlyn is. — De sportfriezen om utens hildige.

De iene kear scil men for hwet nijs foartdaelk in goede namme ha, en de oare kear wol 't yen net slagje, al giet men ek op e kop stean.

In fyts wier in fyts, sa gau't men det dübeldtsjil net mear oankommen hearre koe, mar hofolle benzine de automobyl yet forstoke moat ear't it foarinoar is mei syn Boargerlike Stan, is slim to sizzen. En ek ho't er hjitte scil as 't safier is: auto, tuftuf, rütsdy,stynkstank, nekkebrek, foermansfortriet, neat-as-lêst, ef oars.

Det ik mei de namme, dy't ik boppe-oan jow oan 'e ütfining dêr't ik oer prate wol, de wirtel yn 't lid rekke ha, scil ek wol spanne. Dêrfor ha 'k der tofolle om socht.

Fen 'e trije wirden dy't my foar 'e geast kamen, is dit lykwol it béste, nei tnyn sin. Earst hie 'k sabeare-friezendom, mar dêr sit my yn det „sabeare" to folie opsetsin. Hwet ik bidoel, kin men sünder erch wêze. Do tocht ik oan „frizomany". Mar det wird hat yet folie mear lekken en brekken. Foarst: in hopen scille it net bigripe, en ik