is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

moat wirden brüke sa gewoan as 't mar kin, hwent ik gean döchs al for tige ünbigryplik. Nou net det ik my dêr folie oan steur, det mei 'k net; ik jow nou ienkear drankjes en gjin mölke-en-wetter,— mar oan d'oare kant scoe 't ek glêd forkeard wêze om net safolle mooglik düdlikens to bistribjen. Oard: de sportfriezen, sa't ik se den neam, ha lang sa'n lést net fen geastdrift, as lijers oan frizomany ha scoene. In frizomanist scoe him for 't Frysk forbarne litte en op 'e bransteapel it fryske folksliet yette dtgalmje; in sportfries docht krekt as de einen yn 't bit: as der ien kwêket, kwêket er mei; mar oars haldt er him dyakens. Mei 't mês op 'e kiel scoe in frizomanist yet steech en stiif folhalde: „en döchs draeit er!" mar dy't hjoed sportfries is, wirdt moarn sporthottentot, as 't sa utkomt. Tred: in frizomanist scoe in dweper wêze, en det wirdt men earst, as men sa lang oer in ding tinkt, det men yens forstan der heal by opset, mar 't sportfriezendom giet better net to witten büten 't forstan om, krekt as de measte moaden.

Nou't ik der better oer neitink, leau 'k döchs det ik hwet to fier gean. Der is twaderlei soarte fen sportfriezendom: det om utens en det yn Fryslan, — en it earste dêrfen dêr mei ik net op tapasje, hwet ik hjir boppe den oars yn 't algemien siz.

Ik scil dêrom dit drankje yn twaën spouwe en it earst habbe oer

It sportfriezendom om utens.

Holang it sportfriezendom bistien hat, doar ik net to sizzen. Det der soks-sahwet wier, mirk ik fjouwer, fiif jier lyn al, do't ik yette yn Hollan tahold, mar ik wist der do yette gjin namme oan to jaen. It wier yn 'e tiid det men de fryske selskippen groeijen hearre koe. Amsterdam hie mei gauwens fjouwer, dy't ünder inoarren tsjierden as earme bidlers, — alteast trije der fen; it studinte-Frisia wol 'k der büten litte. Haerlem woe net efterbliuwe: „Gysbert Japicx" waerd oprjuchte en wier yn in omsjuch in flink en folslein selskip, mei in sjongselskip det in skoan gat yn 'e kiel hie, al songen wy den ek altyd net like moai. Do folgen ringen Arnhim, Rotterdam, Swol,