is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

De foarsitter is boppedien ek yette eftersitter: hy moat de ljue dy't spylje scille hieltyd oantrünje, hwent oars tize se krekt-salang om, det de minsken it wachtsjen ba wirde. Nou wit in tuk foarsitter wol, hofolle as 't lije kin. Salang alle bikende lietsjes üt 'e beide lieteboeken yette net ophelle binne, is 't gefaer net great. Mar dèn moatte de spylders ek fen 'e ein, oars bigjint de „uterste lofterside" fen 'e forgearring ut need mei hollanske ferskes, de „uterste rjuchterside" kraeit der tsjin yn op in menear, det hearren en sjén yen forgiet, en it „centrum" forskikt ünrêstich mei de stoellen.

De oare bistjürsleden — en üt en troch de foarsitter ek, as er de flippen fen syn jas by üngelok sa ticht by ien fen 'e leden brocht hat det dy se birikke koe, — habbe yn 'e seale to anderjen op alle mooglike en ünmooglike fragen dy't hjar dien wirde.

— „Siz, foarsitter, bigjinne jimme nou hast?"

— „Skriuwer, der stiet Menkema yn pleats fen Minkema op myn kaerten, ho binn' jy dêr sa sleau by komd?"

— „Seg, frind, siktaris of skriwer of ho mut ik jo anders noeme, wudt it fanavend moai?"

— „Hoekstra! Hoekstra! HOEOEKSTRAAA! O kom hear, dêr is er einlik! Bysitter, jy binne yet al taelkindich; siz ris, hwet is „voorloopig bericht" yn 't Frysk? Foarrinnich birjucht? En is „roken" wol „smoken"? Ik siz „rikjen", det is moaijer, tinkt my!''

— "Hé, zeg reis, minister van financiën! Waarom heet jij ponghalder?"

— „Skriuwer, yn hokker lieteboek stiet det lietsje fen Tsjamke, och, ho is 't ek hast wer, to, jy witte wol, it rymt op famke?"

— „Pst! Hé! Zeg '. . . !"

It skerm giet op en op t toaniel komt de foarsitter yn pontifikael efter ien fen 'e coulissen weisetten. Efkes in bocht yn 'e rêch meitsje en den set er yn: „Friezen en Friezinnen....!"

— „Hou nou je kakement!" lüsteret yn 'e seale in oprjuchte Hollanner moai lüd tsjin syn bürman en frjeon.

Nou, de foarsitter, wyls't er it iene each oer 'e minsken gean lit en mei 't oare oppast det er de souffleur — de ynstekker, sizze se