is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

earne, „o zoete bluf van 't eerst latijn!" — net dea trapet, praet wakker oer memmetael, heitelan, fier om utens, nea forjitte, salang as ik sykje kin, en mear fen dy dingen, dy't yen ta 't iene ear yn geane en ta 't oare wer üt. As er syn léste fjürpylk sparkje lit, fait it muzyk yn: „Hij leve hoog" en elk sjongt mei. De man fen 't rikjen sjongt fensels: „Hy libje heech-' en sjucht prot as er fornimt detgjin ien him ta 't selde bikeare lit, al ho lüd er allet.

It earste toanielstikje bigjint. Kom mei efter 'e skermen, en lit üs ris hearre hwet dêr sein wirdt. Flak by de toanieldoar stiet in boerefaem ré mei jok en amers, om op to kommen. In echt lodske, sa 't liket, mei wangen as mölke en bloed en in pear dito earmen ta de opstrüpte mouwen üt. Mar hannen thüs, hwent it lit öf. De régisseur stiet by hjar en sprekt hjar moed yn. „Jy moatte mar drystwêze en net om 't folk tinke," seit er, „den scil 't wol flutte."

— „Ja, jo kenne wel wat segge, maar met dat slimme woard kom ik grif in 'e war; hoe is 't oek hast wear: barne, né bjarne, borne ..."

— „Boarne!"

— „Ja krekt: bjarne, a'k dat nou maer niet wear kwyt raek foartyd, sien je! De kealen bjarne . . . krekt!"

— „Krekt!" seit de régisseur ek mar. 't Jowt dóchs neat, al seit er 't hjar ek hündert kear foar. In „Sneker meiske" is nou ienkear net yn in superfitte boerefaem to foroarjen.

As se strak op 't toaniel stiet, de amers delset en tige frjemd omdoktert mei 't jok, seit se den ek bihoarlik tsjin 'e feint: „Geale, dou must de keilen bjarne, het de boer seeein!"

Yn 'e klaeikeamer makket de grimeur fen in fleurige jonge ünderwizeres in grouwe fryske boerinne, howol er yet noait ien sjoen hat in natura. Foar 't uterlike slagget it him lykwol sa min net, mar de inerlike gawen hat er der dóchs sa gau net yn bringe kinnen, hwent op 't toaniel blykt b.g. det de frou net iens ierpelskile kin. Hja plasket raer. En as se hwet letter yn 't stik in pear fen hjar meispylders op in brandewyntsje traktearje moat, haldt se de flesse sa fier en sa fiis fen hjar öf as wier 't in smoarch rift. Hwent de