is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

skoaljiffer-boerinne heart yn det earste affysje by de slütskidammers en hjar tsjinnichheit yn alles hwet drank hjit, is allinne sterker as Melpomene en Thalia togearre binne. .Mar hja praet goed Frysk en

det is in foarnaem ding.

— „Is dat nou de juffgouw, moe?" freget yn 'e seale in famke det twisken hjar alden yn sit; hja giet by de jiffer op skoalle.

— „Ja, kind, dat is se nou," seit moe, op in z nei yn 't Hollansk werom. En den tsjin hjar man: „ik ha der ek wol oan det ik se sa wérken.

Det Hollansk op in z nei is sa fier mis as 't kin, net fen moe, mar fen my. In Hollanner seit fensels ek is se, net is ze.

1907.

— „Hja liket net folie op hjarsels," anderet de man. Tsjin 't famke: „Maar nou niet telkens spreken, Anna!"

— „Nee pa!''

Yn 't skoft — skoft is 't wird det op it program, och ik forsin my, op 'e wirklist stiet; mar elk seit pauze, de frysk-praters like goed as de oaren; dêr is gjin sprake fen det it purisme „skoft" it ea winne scil, bihalven fensels wer by de man fen 't rikjen, — yn 't skoft en neitiid by 't dounsjen kin men ris hearre hoffer talen der nou einliks praet wirde yn 'e seale. Fen 'e ljue boppe de tritich prate yet follen Frysk, forskaten ek stêdsk en somliken Hollansk mei in frysk bysmaekje. By de jongerein is 't for 't greatste part kleare klinkende Hollansk, foaral by de frouljue. De measten kinne ek net oars, al

geane se op 'e kop stean.

Allinne praet elk fen „smoken", hwent det hinget ommers oan

'e mürre.

It balprogramma — hou, de dounslist; det wird ha 'kleau'ksels yet ütfoun! — is op syn Frysk opsteld. It bigjint mei in „Iepeningskuijerke," — hwa't det wird ütfoun hat, wit ik net goed mear, mar ik wier der al by, det wit ik wol. Twa, trijeris komt de skotse trije der op foar, mar as dy oan bar is, bliuwt it jongfolk meast sitten. De oaren mealle sa goed trochinoar hinne, as se 't yet kinne;bjuster folie komt der nou just net fen torjuchte en de dounsmaster kin neitiid mei in wird fen wierheit sizze: alles is forlern, op 'e eare nei.