is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

en in skoalmatres hiene wy noait, hwent dér woene de jonge» hjar net ünder deljaen. Inkeld wier der ek in boppemaster, mar allinne as wy sa machtich wierne det der twa klassen makke wirde koene; ambulante „hoofden" wisten wy do yet net fen. Nou, den hie lytse master in min affysje, hwent hy koe han noch blein utstekke ef de sünder röp tsjin greate master: „meester, hij slacht mij" ef «meester, hij knijpt mij seer!" Searknipe en searslaen hearden nammentlyk net ta lytse master syn wirksumheden, al ho goed er dit oars koe. De bern wisten det wol; hjar alden koene faken tige opfiedkindich prate

wyls't hja der by sieten; sa bygelyks:

Heit: Dy jonge fen Freark Ulbes bigjint mar gans yn akte to

krijen sünt er yn skoalle stiet; hy wirdt sa greatsk as de mint!

Mem- Ja, en hy moat der ek mar yn fége, ha 'k al heard. As er jimtne oankomt, bern, moatte jimme it foart mar tsjin greate master

sizze, hwent hy mei jimme net slaen!

Heit: Slaen? Wel forgémi, hy moat it hert ris yn e hud habbe det er in han nei jimme utstekt! Hy moat syn fjürige neilen thüshalde, det wik ik him! Freark syn jonge myn bern öftichelje, wrychtich!

En soks mear. Nei dit stapke buten myn paed, det my oanlieding iowt om de wysheit to biwünderjen fen üs wetjowers dyt de kwékelingen öfskaft ha, mar yet talitte det Kamper korporaels fen sauntsjen en Bredaeske lutenants fen ien-twa-en-tweintich jier de soldaten oanfiere en oanfiterje yn 'e striid tsjin folie romers en tinkbyldige fijannen, scil 'k wer rjucht op myn wyt oangean, salang

as 't dürret. A .,

Sa boartene wy den en it gyng wol ris tige naturl.k. Mar noait

sa natürlik net, ef wy wisten wol det it boartsjen bleau. Gjm ten

forbylde him det er sikerwier master wier; gjin ien die langer mei

as er woe, en dy't mear nocht hiene oan hoepjeijen, pypstaltsjeknikken,

topsetten,' toudounsjen, hinkjen, hintsjebilizzen ef krijoanboartsjen,

gyngen hjar gong. En as greate minsken ris fregen hwet wy diene,

den wier 't biskie: „skoalleboartsje!' ...

Det wier do. Skoallebeoartsjen piele wy net mear mei, us boarterstüd hjit foarby to wêzen en as wy 't üs bern nou dwaen sjugge,