Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

sizze wy skodholjend en tige wiis glimkjend: Hwet kin in bern him al formeitsje, net?

Mar it liket my wol ris ta, det wy gjin reden ha ta skodholjen en wiisglimkjen oer berneboarterij. Boartsje wy seis yet net fakernöch ? Scoene wy bygelyks in hopen tiden as wy byïnoar binne en der waerd üs frege: „hwet sette jitnme dêr üt ?" as wy earlik as in bern wêze woene, net anderje moatte: „wy binne oan 't frysk-boartsjen" ?

Hwet is 't, as men op krite-gearkomsten en by inkelde oare gelegenheden frysker as frysk wêze wol, mar yen oars troch 'en tiid klear en düdlik skammet for heite en memme sprake?

Hwet is 't, as mennich troud man it hjoed yn 'e gearkomste oer syn wiif hat en döchs elkenien wol wit det er rare taei en toar sjên scoe as 't moarn de dei ris bliek det immen de skyn for 't wêzen nomd hie en syn wiif syn wiif neamde?

Hwet is 't, as safolle alden hjar op in „fryske joun" — och gotskes ja, safier binne wy hjir yn Fryslan ek al, det wy der aparte fryske jounen op nei halde, en dit is lang it iennichste gefal net det it spraekgebrük, dy greate forrieder! us sportfriezjen oan 't ljacht bringt! — hwet is 't, freegje 'k, as safolle alden hjar op in fryske joun as echte fryske heiten en memmen halde en drage, mar de bern thüs op fader en moeke wachtsje, ef sims ek wol op heit en moeke.... hwent fordeald noch ta, der binne mear fryske moeken as faders\ it binne binammen de memmen dy't it wird memmetael ta in ljeagen meitsje!

Hwet is 't, as güds dy't wol Frysk prate kinne, ja hwaens memmetael it is, hjar müle noait in frysk wird üntkomme litte, as krekt op kritegearkomsten en by de gelegenheden dy't ik niiskrektsa miende, b.g. as se oan 'e praet reitsje mei „in man fen 't Frysk"? Sokken binne der al in hiel restje, binammen ünder 'e ljue dy't yn 'e maetskippy in fintsje mear habbe as in bears ef it hjar alteast forbylde, — hwet al faken itselde is.

Ik freegje yetteris: hwet is soks? Is 't gjin echte fryskboarterij, al neame wy it sa net?

O fij, o fij! ik bin bang det wy de ligerige kant neist binne.

Sluiten