is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

As bern neamden wy boartsjen boartsjen; as greate minsken klieme wy üs seis en oaren de eagen ticht mei in wyt salfke neimakke wierheit dêr't it ljeagenswart düdlik trochhinne skimeret; naeije wy üs seis'en oaren in pear earen oan 'e holle mei gelegenheitswirden en gelegenheitspraet. Hwet üs ynmoed en hillige earnst weze moast, ha wy ta in boarterij makke. En sa'n bytsje Ünderskie sjugge wy langer twisken dy twa utersten, sa'n dripke bisef ha wy langer fen 'e wearde dy't wierheit hat boppe it sabeare-dwaen en -litten, det wy

der seis gjin erch mear yn ha.

It getsjirm fen in draei-oargel is üs in Bach-konsert. Yn in ballon

captif forjitte wy üs langst nei wjukken. In dea portret is; uslike goed as it libben oarbyld. Hwet kinstfrysk - en hokfor kinstfrysk den faeks yet! hwent bare heech stiet it troch 'en tiid net, hwet us tsjinwirdich yn üs boeken to lézen en fen üs planken to hearren jown wirdt! - keart by üs it Frysk fen it libben üt it plak.

En slimmer yette: wy ha 't earste ljeaver as it leste! De konsertjower kin him forsinne, it draei-oargel forsint him noait. Wjukken... rane as se fen waechs binne en men to ticht by de sinne komt,en as men for 'e foroaring wer ris traepje wol, moatte se grif lestich wêze; de ballon captif raent net, bliuwt bihoarlik forboun mei trnodderklütsje det wy ierde neame en hoeft net me.toge to wirden as men 't fleanen sêd is. It libben oarbyld fen in portret hat skeinspruten, in brike noas, in wart oan 't kin ef sjucht skilich; it portre hat gjin ien fen dy lekken en brekken, der hat de fotograef wol for soarge. En einlings: it Frysk fen it libben twingt yen ta .enfaldl en sliuchte seden en dêr lit it dripke lawaeisauzich kinstfrysk det men u en troch nei yen nimt, yen frij yn. Det jowt syn ienfald net wei. En syn seden ek net . . . as 't seden hat, hwet tsjinwirdich lang altyd it gefal net is, „want sien je", sei earjister in minske, det tny ris goe düdlik meitsje woe hwerom't hja ljeaver in fryske as in hollanske foardracht hearde, „want sien je, in 't Frys kan min noch ris wat

segge, dat min in 't Hollans swije mut!"

In hopen fryskboarters kin 'k hjar forkeard bigryp oer us str.id yet wol forjaen. Mar it slimste is det der ünder 'e ljue dy't hjar op