Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

komste fen üs selskip for fryske tael- en skriftenkennisse to kommen mei 't ütstel om de list fen üs fêste skriuwwirden hjir en dêr hwet to foroarjen.

Hjir folgje in mennich fen 'e foroaringen, dy't ik ütstelle wol.

Wiif scil fen distiid óf oars net wêze as in grouwélich wird en bitsjutte: grouwélich frouminsk.

Pake, beppe, heit, mem, omke en moeike trochskrasse.

Om de mantsjedieren net to misledigenjen, scil men net mear skriuwe b.g. fen wyfke-\myn, mar frouke-knyn. (/«gedierte is hjir fensels net ünder bigrepen. It bliuwt wyfke-\us, wyfke-ü\t, wyfke-nyt.

Heitelan wirdt faderl&n. De Hollanners wirde forsocht üs net kwea to nimmen det yn dit seltsumme gefal hjar tael uzes frysker makket ynpleats fen hollansker.

Memmetael wirdt moeketael. Hwa't dit wird faeks to moai wêze mocht for üs rjucht en sljucht Frysk, dy kin ek wol hwet oars skriuwe; hwet, det komt net sa lyk. Det is miskien döchs sa goed wol; oars mochten wy it moaije fryske wird moeke faeks gau wer forlieze, hwent hjir yn Fryslan is 't nou ienkear sjêsa gelegen, det as de tael nei moeke bigjint to talen, taelt moeke net mear nei de tael, en wol wer oars neamd wirde.

Heite, yn „kom hjir ris, heite!" wirdt fensels ek op de iene ef de oare menear forfadere. Ho, det wit ik nou yet net rjucht, mar 't

komt wol yn oarder.

Faer en moer, ont nou ta yn 't Frysk just gjin moaije wirden, komme wer yn eare en wirde dichterlike frijheden iorfader en moeke, as de rigels oars to lang binne. *)

Dêr't gjin wiveti mear binne, kinne fensels ek gjin loaije wiven mear wêze: summa summarum: gjin loaiwivekost mear.

Allinne boerefammen en hwa't dêrmei lyk op en üt gean wolle, scille frouljue neamd wirde. De oare Friezinnen wirde dames forklearre; binammen scil men hjir net oer yn bistan stean, as se girdyntsjes foar 'e glêzen drage.

*) Ik ha reden om to leauwen det faer en moer hollandismen binne, en net de nije foarmen faer (Hynlj. fear) en moar fen it aldfrysk fadur en modar.

Sluiten