is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Forfryskjen hjir, forfryskjen dêr,

Forfryskje kin nou elts,

Mar woll' jimm' 't goed dwaen feinten ? Ei Forfryskje den jimm' seis!

It frysker as frysk wêze wollen blykt sims net allinne ut üs wirden, mar ek üt üs dieden. Net lang forlyn waerd in Hollanner it is einliks in Limboarger, mar de Friezen neame nou ienkear elk Nederlanner dy't oan de oare kant Swol weikomt, in Hollanner, lid fen ien fen 'e kriten fen 't Frysk selskip. Op 'e earste gearkomste det er mei yn 't formidden wier, frege er it wird en sei yn 't Hollansk det er ek wol ris hwet foarbringe woe. Hy lei him tige op 't Frysk üt en koe 't al sahwet léze, mar 't praten bitroude er him yet net mei. Eft er nou earst wol ris in stikje yn 't Hollansk dwaen mocht?

De foarsitter foun dêr gjin bonken yn. Mits, de Limboarger moast den in stikje nimme det op de iene ef de oare wize op 't Frysk sloech, tocht him. Yn 'talgemien karbrief wier gjin kêst to finen dy't hjir yn foarseach, leaude er; mar der wier al ien dy't sei, det it selskip ek skriuwers yn frjemde talen stypje kin mei jild, as hjar wirk it selskipswyt bifoarderet; dy kêst wier hjir ek wol to pas to bringen. De gearkomste moast der lykwols syn seine oer gean litte, oars net.

Nou, dêr like „de gearkomste" earst net folie smucht op to habben. De earste dy't tsjin 'e Limboarger en de foarsitter syn stikken yn 't fjür brocht, wier ien fen 'e oare bistjürsleden. Wy komme hjir om üs memmetael, sei er; en net om hwet oars. Hjir moat it Frysk wêze!

Ja, en hjir net allinne, mar bütedoar ek, tocht de foarsitter. Mar hy wo'e ha, men moast gjin Sjineeske mürre om Fryslan bouwe wolle, det scoe döchs mislearje en bütendien wirk om 'e nocht wêze. Dêr praette er yet al efkes op troch en op 't lést krige er syn sin.

In gearkomste letter hat de Limboarger yn 't Hollansk in stikje foarbrocht dêr't hwet ynkaem fen 'e Friezen en Fryslan. Ik leau net det de joun der minder Frysk om west hat.

Dêr wirdt de Friezen wol ris provinsyalisme neijown. Det is de