is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

sportfriezen hjar skild. Do't F. Jac. de Zee de gemeinterieden der op oanstie om it Frysk to brüken yn 'e riedseale, mienden in hopen al det de bidoeling wier om it Hollansk der buten to kearen, en dêr praetten se hjar de müle om ut 'e potsjes. Nou, det wier fensels sa net, mar sa waerd de saek ünsuver makke en krigene alle rieden in earlik forlechje om der hjar mei in franske slach öf to meitsjen. Do't forline jier op 'e algemiene gearkomste fen it selskip for fryske taelen skriftenkennisse praet waerd oer it Frysk yn 'e rjuchtseale, wieme der foartdaelk al wer güds dy't ha woene det it Frysk einliks de tael wêze moast yn Themis' wenten, en de rjuchters dos dy tael ek bruke scoene. Op 'e gearkomste die det sa sear gjin bliken, mar neitiid.

Hwer scoe 't yn 'e goedichheit hinne, as sokken hjar sin ris krigen en it Frysk hjir yn Fryslan ta de offisyeele tael forklearre waerd? Den moasten wy ta bigjin ha: fryske skoallen,*) fryske gymnasia, fryske hegeskoallen, fryske wetboeken, fryske boargemasters en siktarissen, fryske üntfangers, in frysk provinsyael regear... en einliks en to'n lésten in kazernefol ljue dy't al 't pompierwirk det dêr by hearde en det den fensels ek yn 't Frysk skreaun wier, yn 't Hollansk oerkrasten for Den Haech, hwent men mocht dóchs net bigeare det de ministers hjar koart libben ek yet forbitterje scoene mei Frysklearen, ef det se 't foartiid kenne moasten. it scoe oangean op 100 °/0 bilêsting biteljen, wol 'k leauwe. Ha de sportfriezen det wol ris bitocht? Né fensels, hwent sa't ik oan 't bigjin al sei: it sportfriezendom — ik mien: det yn Fryslan — giet buten 't forstan om. As de sportfriezen omtinken hiene, bigoannen se mei det forfryskjen fen Fryslan by 't bigjin: by hjar seis.

Ik wol hjir net mei de hiele wal ütfalle, hwent dy't folie seit, moat folie wiermeitsje, mar dit is in ding dêr't ik altyd weroan op delkomme scil: it Frysk moat ünderhalden wirde yn 'e hüs en yn 'e deiske omgong. En o, det lit safolle to winskjen oer! Net allinne ünder 'e heechste fryske standen — minhearen en mefrouwen dy't Frysk prate binne der tin siedde, en hwa't my güds to wizen wit hwaens bern

») „Nou, dy wolle jimme ommers ek ha; hwet docht oars dy kommisje der," sei itnmen, dy't ik de printkiadde fen dit drankje foariies. Sa flnsinnich wirdt it wyt fen üs skreppen forsportfrieze!