Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

IX.

Neipraet oer sportfriezendom.

De skriuwer hat it oan 'e stök mei immen der't er heech by opsjucht, mar dy't er dêrom döchs yn alles altyd gjin gelyk jaen kin. — Unfryske gearlapsels. — It komt yetris to praet oer Utert, Ynskedé en Wynskoaten. — Der wirdt mei los krüd sketten op 'e skriuwer syn doelwyt. — In minlik ferske oer minnens. In brief üt, en ek alwer oer Utert, mar ek oer Dimter koeke, en in Noarger rün, (net oer Oabe Skroar-en-dys). — De skriuwer anderet mei in droech praetsje. — Yet in brief, nou op rym; it andertis twisken 'e ryglen to lézen.

Nou is 't hjir skieik net mear to hirden,

Ha 'k soarch, de wrald wirdt my t' onrom.

Fordeald! üs jong Sportfriezendom Smeit sokke onfoege nije wirden

Dat ik stean fen forbazing stom.

Sa rymde üs alde Waling-om yn Sljucht en Rjucht. k Hie t net sa rom en tocht: as 'k dit mar goed üntkom! Ik fielde foart wol det dy bom wier roaid op my; ik stie al krom en seach al nei in skülherntsje om

Hwent det ha 'k leard ünder 'e soldaterij. Us kaptein hold üs altyd foar: „Flink den vijand in 't gezicht zien, maar vóór alles: zoek dekking!" en det woe der by üs allegearre wol yn. Sa kroep ik den efter in póltsje gêrs en wachte yn tüzen noeden.

Mar stiet it mei üs tael sa min —

Ho heech se priisge wirdt as ryk —

Det for in utering sa bryk Men gjin goed Frysk mear fine kin?

Ik loerde al ris boppe myn póltsje üt en tocht: komt der hast hwet?

Né, ryk is 't Frysk! gryp mar yn 't roun!

Krekt hwet ik altyd sein ha.

Sluiten