Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

honk en prate ljeafst mar hwet oer boerefeinten en -fammen, oer hynsders en kij, oer 'e haeijing en al sa mear. Sa stroffelje se net oer 't nije en frjemde, det nije en frjemde tiden bringe en de minsken tameitsje. Fine se it al ris op hjar wei, (it is altyd net to üntrinnen,) den beare se mar det se 't net sjugge ef meitsje in ompaed. Dit docht it him, det it measte fen us proaza en poesye (rym en ünrym moat it by dy ljue hjitte, howol't se witte det mei dy beide wirden net rjucht sein wirdt hwet se sizze wolle,) yet altyd sa „hausbacken" is.

Hwet letter as det rymke oer 't sportfriezendom, skreau Walino

Dykstra yn Sljucht en Rjucht:

„Oan Jan fen 'e Oaestmar kin ik dit meidéle: Ynskedé, Utert en Wyns 'koatfen) het fen aids de fryske folksütspraek west fen Enschedé,

Utrecht en Winschoten."

't Kin wol wier wêze. Do't de Hollanners Amsterdam yet Amstelredam en Amsteldam neamden, scille de Friezen ek wol net Amsterdam sein ha. Mar nou al Hast alle hollanske en fryske plaknammen binne mei de tiid yn 'e folksütspraek foroare, de iene is forbastere, de oare troch skoalünderwiis ef in bulte lézen wer tichter by de oarspronkelike komd. Idsegeahuzum waerd Skuzum, mar Starum (*) wer Staveren. Hwet hat it nou to bitsjutten om dy alderaldste, aldste ef op twa nei aldste nammen to skriuwen? En as det al moat.hwerom skriuwt Walino Dykstra den net Liudeward for Ljouwert? En Snyts, Snitze, Snake ef Snaken for Snits? En Fronekera for Frjentsjer? Graech witte!

Frysker as frysk wêze to wollen, dér kin gjin ien ófkeariger fen wêze as hy, skriuwt Dykstra yn it selde stikje. En dêrom skriuwt er noait wyt for doel, hwent det wird is yn dy biteikenisse yn'e folkstael ünbikend. Koartlyn lies er yet earne selskipswyt; selskipsdoel hie al sa goed west, tocht him.

(*) Nei myn ynsjên in forbastering fen Staurum el Stavorum, sa't de Romeinen dy stêd namme latinisearre ha scille.

Sluiten