is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Dy kin ik yn 'e büse stekke, om't, ik ha gauris wyt skreaun for doel, howol ik döchs det léste wird op syn minst like faek brük.

Hwa't it for 't earst for doel skreau, wit ik net, mar wol det forskate bikende fryske skriuwers it dêrfor brükt ha. It is bygelyks hast it earste wird fen üs selskipskarbrief.

Ha dy skriuwers det nou dien, om't se hjar forbyldene det doel net fryskernöch wier, den hiene se üngelyk. Det ik it dêrom brükt ha, kin 'k elkenien mei rjucht en reden üntstride, hwent den hie 'k doel ommers noait noch nearne net brükt.

By my is wyt in dichterlik byld for doel, nomd üt 'e tiid do't de minsken (de Friezen moai grif ek wol) mei pylk en böge op 't wyt skeaten, hwa't tükst koe. En dêrom komt it der neat op oan, eft it yn 'e folkstael bikend ef ünbikend is. As Walino Dykstra rymt:

Wirdt faek it rjuchte wird net foun,

Den leit it oan 'e taelsmid mear As oan 'e tael

den hat er ek in wird by de kop det yn dy bitsjutting, ja hielendal net yn 'e folkstael bikend is. Woed er him dêr oan halde, den hie 't sprekker ef skriuwer wêze moatten. Mar hy woe dichterlik ütbyldzje. En nou kin men him üntstride det er mei taelsmid in goed byld jowt fen in sprekker ef skriuwer, — det doch ik by dizzen den ek, — mar gjin ien scil 't yn syn holle krije om him to forwiten det er frysker as frysk wêze wollen hat.

As Dykstra sein hie: wyt is gjin moai byld mear for doel, den hie 'k him gelyk jown. Dêr is 't al to faek for brükt. It mist de nije gloede, de frissens fen 't oarbyldige.

En dit hie 'k wol hwet earder bitinke kinnen. Ik ha 't wird letter ek mar selden mear brükt.

1907.

* * *

J. P., lid fen „Friso", yn 'e Peallestêd, hie 't leau 'k ek op myn lést drankje forsjoen, do't er yn Sljucht en Rjucht in fers skreau, dêr't ü. o. dizze wirden yn foarkomme: