Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Hwet min! fen üs dy't nei de frjemdte teagen Omdet wy graech in rümer takomst seagen,

To sizzen det we üs tael forsloffe ha!

Det ha 'k fen „wy" (dêr wirde hjir döchs alle Friezen om utens mei bidoeld?) net sein. Det it forkeard is, om al dy ljue ünder it selde hoedtsje „wy" to biflappen, sjucht J. P. efkes fierder seis ek al yn, as er rymt:

Ik wit, det hjir forskate Friezen binne Dy't wakker lud üs sprake romje kinne,

Dóch altyd mar yn 't Hollansk andert jaen.

Det „Hwet min!" scil 'k J. P. mar forjaen. Hwent syn fers is gans

krêftiger en moaijer fen tael as dy fen it greatste part „dichters. *)

***

Ut Utrecht krige ik in brief, efkes nei 't ütkommen fen it léste drankje oer 't sportfriezendom. Ik lies:

Stalke lansman! Utert set ik boppe dit brief, sa as jy sjugge. As ik to Orins wier, scoe 'k der Orins boppe sette en net Groningen, howol Groningen like goed as Utrecht, ienkear de miene Nederlanske namme is, „dy't ek yn Fryslan bikend is." (bis. 90 F. m. n.) As jou wiif, bliid det jy de tiid hawwe om in pantsjefol kofje mei hjar to drinken, freget: Jan, woste in stik Dimter koeke ef hastou ljeaver in stik keallepoat, is hja den

frysker as frysk?

Mei in fryske boer net mear in run to Noarch keapje. To skriuwen fen Ynskedé en Wynskoaten, is forkeard, ik jow it jerne ta, mar det Utert forkeard is, kin 'k dalik sa mar net for wier oannimme. Utert is Frysk, like goed as Grins it is. As ik my net forsin, lies ik yn Gysbert Japicx ek Uwtert. Dit

*\ no't dit al Dtinte wier, kaem ik ris to Amsterdam. It tafal - hwent ik tocht der in hiel Rj." dien hat: del se Hollansk prate op hjar selskipsjounen.

Sluiten