is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

wit ik net fêst, ik scil det ris neisjên. Ek wol T< ris sjên to witten to kommen hwet de aldste namme fen Utrecht is. As ik my net forsin, komt Utert der tichte by. Op 'e wet fen 't Studinteselskip „Frisia" to Utert, stiet ek sont 49 jier Utert.

Dat it Sportfriezendom bistiet is jammer, mar wier.

It scoe einliks ris moai west ha, as ik nou ek brieven krige hie üt „Ynskedé" en „Wynskoaten" mei 't boadskip: „Ynskedé (ef Wynskoaten) is goed, mar Wynskoaten (ef Ynskedé) en Utert forkeard." Mar dér ha'k forgees op longere. Oan 'e iene kant ek al wer goed, hwent nou hoef ik allinne de man fen „Utert" biskie to jaen.

Dit sprekt fensels: as de Friezen, ef it greatste part Friezen in plak om utens mei in aparte Fryske namme neame, den giet dy by my foar de algemien Nederlanske. Dêrom skriuw ik: Grins, hwent sa neame de Friezen det plak. Ef eigentlik sizze se: Greens. Ik leau net det dit komt om't hja for in oanwenst ha om yn folie wirden mei in dy klank as een üt to sprekken (meenske, weenskje, leens, dreensgje) mar det it de koart ófbiten ütspraek is fen Grinjes. Der wirdt ek wol sein Greins (Grenjes). It is opmerklik det folie plak- en skaeinammen dy't by aids op ing, ingha eingen, nou je ef jes habbe. Harlingha waerd Ha(r)njes (Hains), alteast yn 'e Südwesthoeke fen Fryslan, op oare plakken sizze se wer Ha(r)ns. Burtnaningha waerd Burmanje, Dod ingha Doanje ensfh.

Dimter nou ja, det scoe 'k tink 'k ek yet skriuwe, howol, it

is mei dizze fryske foarm fen Deventer ek al sa fier hinne, det der mei nédich in koeke by. Mar aldtsjes heart men 't yet sizzen.

En det is mei Utert sa net, ef ik moat it den al bare fier mis ha. Det Utert tichter by de alde, oarspronkelike namme fen Utrecht stean scoe, as de algemiene Nederlanske namme, wol my alhielendal net oan. Det trecht yn Utrecht scil mei it drecht yn Dordrecht, Zwijndrecht, Moor drecht, mei it tricht yn Maastricht en mei de alde Dreit ef Drait ef Dracht en it doarp Drachten yn Fryslan, wol it selde wird wêze as üs droechte. In drecht moat leau 'k in skol plak west ha yn in wjittering, dêr't men der trochhinne wadzje koe. Us wird droech