is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Mülk det jou bern it wird fen heit,

Syn dwaen en stribjen nea bigripe,

En, scil jou namme ek jierren prale,

As man en wiif der net nei tale!

Mülk wirdt myn bern for 't Frysk in stipe!

Det kin allegearre, det is wier. Mar ik hab der in swiere mütse mei op.

Sprek ik, kom 'k op myn berteplak,

Fen 't simmer licht krektlyk us sprake As oan myn hird mei sib en migen,

Den ('k leau, gjin-ien hjit my det ligen,)

Den wirdt der om myn wirden lake.

Hjir yn 'n wraldstêd, fier fen 't doarp

Dêr't oarreheit en beppe wennen,

Fier fen üs alders frjeonlik wentsje,

Fen 't jimmerhügjend boartersherntsje,

Hjir learde ik üs sprake kennen!

Det liket my hast ünmooglik ta for ien dy't der him sa goed mei rédde kin. Koart en krêftich: ik leau it net. Mar de skriuwer scil ek wol bidoele det er earst yn 'e frjemdte „nocht oan 't Frysk bigoan to krijen," sa't det den hjit, oars net?

Is jimme stribjen ek gjin sport?

Ja, in bytsje wol...

'k Leau 't wol, sjuch mar ris om jo hinne.

De tiidtosk, Jan, tognaut üs alde;

Troch egen folts wirdt hja forwadde;

In mennich binn' 't, dy't hjar yet minne!

Ik kin de brieveskriuwer üt Amsterdam gelyk jaen, sünder skea for mysels. Hied er it léste drankje oer 't sportfriezendom yet net ynnomd, do't er dit rymde? Sa liket ik hast.

't Hearenfean, 1903.