is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

X

It adfertinsjefrysk.

In kistke mei geheimen, dêr't al gau swietstsmeitsjende V- Houtens ut foar 't ljacht komt. — In miel iten, mei bledtsjegüd ta de ierpels, en in pölle pötstrou as neigesetsje. — De skriuwer skriuwt in stik Frysk; dit wirk kin gjin deihier halde, mar it wirdt döchs mei in botsense segaer leanne, en hy forklearret mei in wird fen wierheit, det er oars troch 'en tiid mei minder tofreden wêze moat. — Moai Frysk. — Ernstig gemeend, sünder d.

In hear dy't net wit hwet er wol. — In pipelieding; de lêzer wit fensels wol hwet det is, nou? — In voorloopig bericht.

As my sa ünder 't wirk wei, ef as ik op 'e kuijer bin, hwet yn 't sin komt dêr't faeks wol hwet oer to skriuwen is, ef ik merk it iene ef 't oar op det it ünthalden wirdich liket, nim ik in fodtsje pompier — dêr bin 'k noait net fier öf — en skriuw it mei koarte wirden op. Hwent myn ünthald is as in gatsjepanne, en men wit ek net honear't men der oer gear komt.

Thüs geane dy pompierkes üt it festjebüse yn in leech segarekistke oer. Det is altyd mear as heal fol. En döchs bliuwt it yn 't praet in leech segarekistke . . . frjemd, it is fêst wol wier, det tael en krektens elkoar net lije meije. Bütendien, for in oar is 't ek wier-wier leech, hwent gjin ien kin üt myn oanteikeningen wiis wirde. Iksels mar amper. Dêrom neam ik it den ek wol: myn kistke mei geheimen . . .

„Kistye!" seit myn wiif hieltyd letter for letter, as se 't my sa neamen heart. Hwent det is in Grouster, en sa't se to Grou prate sa is 't fensels. Mar wy yn 'e Südwesthoeke sizze fen kist/fe£, en ik mei ljeaver ke as je lije efter forlytswirden — ef ho scil it nije taelboekje det sünt trije jier gau komt, de diminitiva oars neame, — en ... sa is 't.

Mei „it nije taelboekje" ensfh. waerd bidoeld de Fryske Spraekleare fen Postma en De Clercq, dy't do yet net ütkomd wier. In side-mennich fierder scil de lêzer dit sizzen yetris fine. De hear O. H. Sytstra hat der my do foart yn 't selde Forjit my net dêr't dit drankje yn stie, om biskrobbe. Nou, ik ha de twa