is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

gearstalders (en 't boekje yn neat misledigje wollen. It wier mar in lytse oantreasting. Der koe earder gjin foartgong makke wirde mei de saek fen 't underwys yn Frysk; it wachtsjen wier op dit boekje. En det barnde my yn.

1907.

Ik ha den myn kistke mei geheimen, en doar sizze det der op syn minst like folie yn sit as yn it toanielstik fen dy namme. As ik inei lege hannen foar myn skriuwtafel sit, hoef ik dêr mar in taest yn to dwaen en ik ha wer oanslach. Sa helle ik der niis-krektsa in briefke üt, dêr stie op: „Van Houtens Cacao de swietstsmeitsjende," en ik wist foart hwer't ik oer skriuwe scoe: oer 't adfertinsje-frysk.

Det briefke moat al ald wêze, hwent it is gans lyn det ik for 't earst opmerksum waerd op it minne Frysk det wy yn üs adfertinsjes fine en 't leit my ek by det ik der al lang hwet oer sizzen wollen ha. Ja, nou't ik my goed bitink, ha 'k der al hwet oer sein: forline simmer, nei de algemiene gearkomste fen üs selskip yn 't Oranjewald.

In Ljouwerter kritelid woe ha, der moasten op it omslach fen Forjit my net gjin hollanske adfertinsjes mear, en de ütjower joech tasizzing det it fierders allinne fryske wêze scoene. Do skreau ik al yn it krante-forslach:

„Det scil biswierlik wirde, ha 'k soarch. Ik for my sjuch it oars „yn as det Ljouwerter kritelid. It komt der fensels mear op oan hwet „der yn F. m. n. stiet, as hwet der omhinne sit. Nou stiet dit fêst „det de measte Friezen ljeaver yn 't Hollansk adfertearje as yn 't Frysk, „en dêr ha se great gelyk oan. In frysk adfertinsje kin ris in inkelde „kear mear fortuten dwaen — it leit der ek al oan, hwèt men adfer„tearret, — mar oan distiid ta geane de hollanske der mei, om 't... de „hannel en 't forkear nou ienkear al salang oeral it Hollansk ta brükt „ha, det men der yn bihirde is, en ek de béste fryske skriuwer net „wit ho't er somlike saken dy't men adfertearje wol in frysk pakje „oanstrüpe scil, sünder se ündüdlik to meitsjen. En op düdlikens komt „it fensels oan. In adfertinsje is gjin gedicht, dêr't men by tinke wol. ,,'t Hat mei litteratuer ek neat to meitsjen."

Sa tink ik der yet oer. Fryske adfertinsjes — op sokken nei dy't oer 't Frysk hwet bikend meitsje, — binne krektlike goed boarterijen