is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

as fryske adressen en spiislisten. Sa'n spiislist (menu) ha'k ris makke for in great diner. Det wier for sa'n aerdichheit, mar seis koene de gasthearen it net foarinoar krije en do moast ik komme. For „salade" sette ik slaed, wit ik yet wol en „pudding" liet ik sa stean. Mar o, det wier lang net briker-, ef sa't dy Friezen det neamden, netfryskernöch en sa kaem nei hwet tsjinappelearjen fen myn kant op 't slaedplak blcdtsjegüd to stean en setten wy for 'e pudding pötstrou. Ho lüd eft de gasten do lake ha om „dat typische Friesch" wit ik net, hwent ik wier net bean en likemin ha 'k op 'e hark stien, mar myn getsjinstigens moeide my neitiid glüpend. Ik seach — to let! — yn, det ik ljue, dy't de gek ha mei hjar lanstael, hanlange hie, om der oaren ek oer oan 't gekjeijen to krijen. It komt my net wer oer.

Ik hie oars al ris earder in öflear hawn fen soks. Foech trije jier lyn, wy wennen hjir yet mar krekt op 't Fean, krigen wy op in joun de feint fen 't hótel-Jorissen by us oan 'e doar. „Of Hof ook efkes in hollans tillegram frys make kon? D'r was in hollanse hear in 't hotel ankomen, die had noait earder in Frysland weest, en nou wou er foar 'e aerdichheid 'n Frys tillegram nae' Amsterdam nae' syn frou toesture. Mar by Jorissen kon geen een Frys skrive en doe had hij seid dat der woande dichtbij 'n fryse skriwer, die sou 't wel efkes doen wille. En doe had de hear hem froegen of hij daer dan efkes héne wou met dat hollanse tillegram..." ensfh. mei de langtriedderigens fen in Feanster en syn taelmargarine.

Nou, ik sei det ik it wol dwaen woe; hwerom net? „Hedenmiddag te 4 ure te Heerenveen aangekomen, gezond en wel," stie der Noardpoalreizerich op it briefke, det dy feint my joech. Det wier gjin swier fortalen. Ik sette it Frysk der ünder en de feint óf. Mar foart letter hiene wy him al werom. „Minhear was der wel met innomen," sei er, „en hier is in segaer!"

In segaer, lêzer, 't is sa wier as ik sit to drankjeskriuwen.

Ik ha him oannomd. Hie dy Amsterdamske hear seis foar my stien en my in segaer oanbean, om't ik him in deugd oandien hie, ik scoe him de wierheit sein ha, mar for dy feint woe 'k my net skine litte ho falsk eft ik ynwindich wier. Letter ha 'k it gefal fen 'e