is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

luftige kant nomd en ik tocht: dy Hollanner bitellet yet better as de Friezen; dy jowe gjin sintese segaer de rygle, lit stean in botsense, lyk as hy.

Ik neamde frysk adfertearjen boartsjen. Det it boppedien gjin moai boartsjen is, kinne de lêzers priuwe oan dy swietstsmeitsjende Van Houtens, dy't ik op myn tekstbriefke foun. Mar ho kin 't ek oars? In hannelsartikel, det men üt in frjemd lan, ünder in frjemde namme, mei in brief yn in frjemde tael der by, kriget, kin men den allinne yn yens eigen tael goed en düdlik adfertearje, as det de hannelstael is yn 'e kriten dêr't it adfertinsje lézen wirde moat, en men de dingen neamt en oanpriisget sa't men se seis mei de müle neame en oanpriisgje scoe. Wier it Frysk hannelstael en diene üs keapljue det... né, sa kom ik net hwer't ik wêze wol, ik bidoel: waerd it Frysk nou foart hannelstael yn Fryslan en diene üs keapljue det, den scoe de Fries dy't him nou, as er Frysk praet, neamt: .agent fen 'e Levensfersekerings-Maetskappij „Langsa'jeleve" to Amsterdam" ekmei dyselde wirden dy maetskippy yn 'e krante oanpriisgje en syn adfertinsje net yn 't Hollansk nei de ütjower opstjüre, det dy him forfrysket(I) en der ad majorem gloriam Frisiae linguae fen makket: Libbensforsikerings-Maetskippy „Langsci'jylibje," — ensfh. En de boekwinkeltsjebaes, dy't efter 'e toanbank praet fen aenfeloppen (ef enfeloppen, det leit der oan, eft er heal Fransk ken, ef alhiel neat), scoe den op 't pompier gjin „brieveslüfkes" to keap oanbiede. En yn gjin gefal wier Van Houtens „swietstsmeitsjend" mear, al die men der seis noch sa folie süker by.

Moaijer scoe 't Frysk der net fen wirde, as 't hjoed de dei yn ienen yn 'e adfertinsjekolommen fen üs nijsblêdden brükt wirde scoe, mei de hollanske, franske, ingelske en dütske wirden en sizwizen der trochhinne, dy't üs hannelsljue, ek dy't Frysk prate, yn 'e müle bistoarn lizze. Mar dêr ha wy 't net oer. Wy ha 't der oer eft det geboart fen „swietstsmeitsjend" (ik woe wol det de man dy't det wird ütfoun hat, it for syn straffe ütsprekke moast) en „oanbifélend" en „Libbensforsikering" moai is, en sjedden oan 'e dyk bringt for 't Frysk? En dêr is 't andert op: né.