is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Mar kin men den alles yn goed Frysk goed en düdlik adfertearje?

En it andert is wer: né. In frysk adfertinsje-wêzen kin net bistean. Al praetten alle Friezen Frysk, den yet net. In tael dy't net is bistjürsen hannelstael yn 't lan dêr't er spritsen wirdt, kin net brükt wirde for alle dingen, dêr't bistjür en hannel mei to meitsjen ha. Hwent ien fen beiden: de skriuwers geane de puristyske kant üt en hjar wirk rekket stiiffol sabeare-fryske wirden, dy't faeks ek yet mar heal bitsjutte hwet se bitsjutte moatte, — ef hja nimme de frjemde wirden en de frjemde sinbou mei ham en gram oer en den doogt it likemin. Oan beide kanten scoene men in taeltsje krije, dêr't men yen oer bisaude. Waerd Iykwols sa'n tael ris hookstrooks bistjürs- en hannelstael, den scoe det léste döchs moatte, as men net undüdlik wirde woe, en men scoene der op 't lést oan wenne, om't it eigen tael waerd. Mar sa leit it lan nou ienkear net mei 't Frysk en dêrom wol safolle frjemd rêdding yn skreaune stikken yen net oan; 't is krekt as giet alle Frysk der ut wei. Ik wit fêst det der al güds binne dy't der my net sa blier om oansjugge det ik niis it wird hannelsartikel as in Frysk wird brükte. Dêr hie 'k.... omhinne rinne moatten.

Mar kom, lêzers, bisiikje seis ris ho slim eft it is om adfertinsjehollSnsk yn adfertinsje-frysk oer to setten.

Hokkerdeis kaem yn ien fen 'e greate hollanske blêdden dit adfertinsje foar, mei letters as keallen, det men moast de bril öfdwaen om se to lézen:

Ernstig gemeend!

Né, hou, det stie der net; der stie: Ernstig gemeen ! De setter hie oan dy wierheit gjin skild, by 't stypen*) fait sa faek in letter wei! Mar ik scil de adfertearder syn d en syn eare werom jaen.

Nou den: Ernstig gemeend! Een heer van middelbaren leeftijd, gefortuneerd, thans en pension levende, wenscht een meer huiselijk leven, en zoekt daarom langs dezen meer en meer gebruikelijken weg in kennis te komen met een dame uit den fatsoenlijken stand om na wederzijdsch goedvinden een huwelijk aan te gaan. Brieven. . ensfh.

*) Oan 'e kranten wit men der wol smeet op, om lange wirden koart to krijen. S-typen dos: stypen, is alles hwet der oerbleaun is fen 't by-de-jelnske wird stereotypeeren.