Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Sjê-sa, stel nou mar ris det dy hear to Ljouwert wennet; det der yn Fryslan dames üt 'e fatsoenlike stan omswemme, dy't graech oan in fryske setangel rinne, — en forfryskje det adfertinsje for de man.

't Bigjin is net sa slim. Earnstich miend! ef set oars mar: 't Is tinken! det is wol sa frysk. !n hear fen....

Dêr stuket it al. In hear fen né: in hear yn 't bést fen syn

libben Mis, hy kin wol skjin op en to'n ein wêze. Yn 't midden

fen syn libben, den. Mis, 't klinkt hakkenkrukkerich en gjin minske kin ek sizze honear er krekt de helt hat. Fen omendeby fyftich jier? Goed, mar as er nou ris krekt fjirtich is? Det is ek „middelbaar." Mar far mar foart, faeks witte jimme der strak better wei mei.

.... dy't sinten hat, .... Det sizze se fen alde bakkers-Geartsje

ek; dy kin fen 'e rinten sahwet roun komme, mar mear ek al net

dy't gans jild hat ... . det kin to bot oankomme . ... In hear mei jild ef: in rike hear den ? Strak mar ris sjên.

. ... en nou by in oar yn 'e kost is ... . Né, det is net itselde as en pension libje .... dy't nou op keamers wennet . . . . ek net, en pension, den hat men kost en frije keamers . ... dy 7 nou by in oar yn 'e kost is en frije keamers hat ... amen, oars mocht it koarte en pension yet langer wirde.

.... winsket husliker libben .... hüsliker is gjin Frysk .... wol hussittender wirde .... hüssittend hat gjin comperatyf (ef ho wott' it yn 't Frysk neamd ha, o boekje det sünt trije jier gaukomt?) .... wol hüssittend wirde .... det bidoelt er net; it kin bést wêze det hy en 't wiif dêr't er om siikket, en pension bliuwe yn hjar trouwen .... winsket geselliger libben . . . • lit him nei de soasjeteit gean .... winsket geselliger libben yn 'e hüs .... lit de soasjeteit den by him komme. Fierder.

Né, hald mar op, 't forfeelt my. En jimme ek, hoopje 'k dóchs? Aenstouns stroffelje wy, as wy dy meer en meer gebruikelijke weg al sünder nekkebrekken lans komme mochten, döchs oer dy dame uit den fatsoenlijken stand en soks jowt mar üngemak. Koart en goed: det adfertinsje is sa net op to stellen, det it dy hear, de frjeonen fen goed Frysk en de dames nei 't sin is. Ha 'k it net sein ?

Sluiten