is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

allegearre döchs ünfrysk, neffens jimme? It is by my sa fêst as in mütse mei saun kielbannen, det er ek buizenet skreaun hie, as der yn syn tiid ien lein hie to Grou, en de Grousters it sa neamden.

Witte jimme ho't it komt det men yn Dokterom syn wirk net oer sokke wirden stroffelet, al steane se der by 't skepnetsjefol yn? Om't er skreau sa't er de Friezen yn 't algemien (dus net inkelde persoanen, hwent den scoe 't to slim oankomme kinne) praten hearde en gjin gedoente ha woe mei puristerij. En sa moatte nou ek de Friezen dwaen dy't fryske saken yn 't Frysk adfertearje wolle, den kinne hjar adfertinsjes goed en dudlik wirde. Mar as men yen earst in hollansk mal rémakket en den oan 't fortalen giet mei 't fêste foarnimmen: nou wol ik krekt itselde yn 'e krante ha, mar den yn t Frysk, den moat it pike-iten wirde.

Ik wol in foarbyld jaen. A. is boekhanler to B. Der scil in frysk boek by him ütjown wirde en det wol er it publyk foartiid al to witten dwaen. Hy skriuwt in hollansk mal op (ef hy tinkt it op, det is 't selde yn dit gefal): Voorloopig bericht. Bij den boekhandelaar A. te B. zal eerstdaags verschijnen, ensfh. As er det nou yn 't Frysk oersette scil, sit er foart al oanklaud, hwent det Voorloopig bericht is ünfortaelber.

C. is boekhanler to D. en wol 't selde. Mar hy bigrypt better ho't er der mei oan moat; hy seit gewoan frysk-wei hwet ertosizzen hat: By de boekhanler B. to D. scil mei koarten ütjown wirde, ensfh.

Mar.... nou stiet der neat boppe, det neistenby op Voorloopig bericht liket.

Einou, hwet hoeft det ek? Boppe in oar adfertinsje hat in Fries faeks hwet stean, dêr't de Hollanner gjin wei mei wit. Set b.g. ris boppe in frysk adfertinsje: Winterjounenocht! en forlangje det „krektsa" boppe in hollansk. Men forjit sa faek det elke tael net allinne syn eigen sinbou hat, mar ek yn folie rommer bigryp syn eigen styl, d. w. s. syn eigen wize om in ding dudlik to meitsjen!

't Hearenfean, 1904.