is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

XI.

Jan foar 't forlof.

In goede rie oan 'e skriuwer. — „Pas op 'e ferve!" — De skriuwer seit det er neat optinke kin. — lt bigjin len in forhael det fjirtsjen dagen dürje scil. — De kaserne to Haerlem. — Pardon mejo-ir! — Hwer't de stjerren goed for binne. — In soldatewekker, goedkeap en goed. — In dream dy't mei gjin kertier bigjint en ophaldt mei fiif — De skriuwer rekket in trie kwyt, heart de stiltme en haldt in foege forhanling oer forbylding. — Lêzer en skriuwer wirde beide oan 't siikjen set.

„Skriuw net oer 't Frysk, mar doch der yn," skreau my immen. In oare frjeon redte my ek al: tink ljeaver ris in forhael op, yn pleats fen drankjes to meitsjen.

Dy rie komt my bést gelegen tsjinwirdich.

Hwent üs hüs wirdt ferve en nij bihongen en nou bin 'k in stan-yn-'e-wei. Ik kin myn lytse tean net forwege ef 't is: „Pas op, dou stjitst troch 't bihang." Ef: „It tüch fljucht wit-hwerearne; bliuw döchs ris hwet op ien plak, de ferve sit al fol." Ef: „Moast hast net foart? It is hjir al sa'n brol en nou dou der noch yn om to walsen." Myn pipe — ik rook yn 'e hüs altyd üt in lange strie, dy kin 'k sa moai brün krije — myn earme, moaije, brune pipe is stikken bruid mei sin by üngelok; de segaren steane yn 'e kelder by en fensels ünder oare dingen dy't der net hearre; sadwaende binne se damp en net to finen, twa middels, en mei dy stikkene pipe trije, om to soargjen det ik net rook, oars mocht de ferve bislaen. Us beide keamers binne for my as de twa fortrekken yn 'e tabernakel for alve fen 'e toalve stammen; ja, yn 't foarhöf, det is: de gong, mei 'k ek net iens komme. Wy wenje yn 'e koken; moarn geane wy yn 't hók en oaremoarn bütedoar; dêr ha 'k al langst nei, hwent den ha 'k tominsten wer earmslach. Myn apteek is hielendal oeral; 't iene sit hjir en 't oare dêr. It skriuwark ha 'k niis mei gans siikjen en in hopen geprottel byinoar helle; de inket foun ik op 'e souder yn 'e spikerbak, de pinne yn 't leech tabaksfetsje. 't Is slimmer as hüs-