Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

vereeniging," üt lilkens „de hel," en oars troch 'en tiid de kaserne neamt. Oan 'e lofterkant fen 'e poarte in foech houten stjelpke. Det it in huske is, kin in Fries oan 't fetsoen wol sjên; det it in skilderhüske hjit, wit allinne in soldaet en dy't it west hat. It is sa licht as in fear en grounfêsten hat it net, dêrom stiet der twisken dekasernepoarte en dit singelier gebouke in skyldwacht, om der op to pasjen. Det is, by nacht sjoen, in greate manteljas mei de muntsekape op en in gewear tsjin 'e rjuchtermouwe oan.

Op 'e stoepe foar 'e poarte twa jongfeinten. De lytste krekt yn 'e klean as gelokkich de measte minsken; in fantasy op. De greatsteyn it blauwe infantery-pakje, sersjantmajoarsstrepen op 'e mouwen en in almeugend ein degen op side, dy't bitsjut det er in dripke skermjen leard hat Syn holle dêr is net folie fen to sjên, fen ünderen op sit er heal yn 'e kraech fen syn oerjas wei, fen boppen öf yn in képi, mei in skaed as oare twa. Hy moast om toalf üre „binnen wêze",

syn frjeon hat him thüsbrocht né, det net, hwent dit hüs is gjin

thüs nei de kaserne brocht, den. Hy hat krekt skille, mar 't kin

wol efkes dürje foar't der ien fen 'e wacht wekker genöch wirdt om 'e poarte op to dwaen; sadwaende is der yet tiid for in praetsje.

„Nou, dou giest moarn al ier en bytiid foart, oars?" freget dy mei de hoed.

— „Ja, om seis üre sit ik al yn 't spoar," andert de képiman. „Honear krastöu op?"

„Moarnmiddei tink 'k. Ik woe wol det ik foart mei koe, oan Staveren ta koene wy togearre reisgje, dêr kin ik de sneltrein nimme en dou moast op 'e bümel wachtsje. Mar de bern ha net earder frij, en de patroan scoe my hjoed raer oansjoen ha as ik him frege hie om moarnfoarmiddei foart."

— „Is dyn patroan oars ek noch net in Fries?"

„Nou in Ljouwerter."

It inkelde wirdtsje nou kin in poarsje twifel bergje, as 't der nei sein wirdt. De képiman laket ris. De hoed forfettet:

— „Dou scitt' wol bliid wêze net, detst wer ris nei hüs scitte. Yn gjin jier thüs west...!"

Sluiten