Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„Dêr kinst op oan. Nou scil 'k tominsten wer fjirtsjen dagen oanien Fries wêze kinne."

— „Ho mienst' det?"

„Wel, ik praet oars neat as Frysk, al dy tiid."

— „Det set ik dy!"

„Hwèt seist'?"

De képi-man beart sa lüd, det de jas nést it skilderhüske, dêr't oan nou ta like folie mar ek gjin grevel mear libben oan to bikennen west hat as oan in fóle, sa't men se wol yn 't lan stean sjucht, keart hitn forheftich heal om, nei de sprekker ta. De müntsekape giet meiiens skean yn 'e hichte; efkes leit der in frage yn, den sakket er wer foaroer. Wyls seit de jas binnenmüls en sliepperich, yn echt platHaerlemsk: „Pardon mejo-ir, ik meinde dat-u wat zee," skeukt it gewear foar him lans yn 'e loftermouwe oer en doddet fierder.

— „Hy tocht det er in kommando hearde," seit de hoed glimkjend; „dou ropst ek sa lüd. Mar ik sei: „det set ik dy om altyd Frysk to praten yn Fryslan. Dou rekkenst' net "

„Net op 'e Hollanners dy't yn Fryslan wenje? Dy moatte hjar mar nei üs skikke."

— „Dèt is gans ferge; 't scil wol spanne, det se wolle, en doch der mar ris hwet oan ! Mar ik wol einliks sizze: dou rekkenst' net op 'e . . . . Friezen, Jan! Det se dy trochgeand oan 't Hollansk praten krije, scil 'k net sizze; dou bist nou fol fjür mei dynijefryske biweging en scitt' de kop der wol foar halde, dêr kin 'k dy for. Yn 'e Gaestmar scitte faeks ek wol oars net as Frysk hearre; ik wol wol leauwe, op sa'n efteröfplakje praette se 't allegearre, ta dedomenyta. (Né, skodhollet de képi.) Mar yn 't spoar, oan 'e stasyons en yn 'e stêd (ast' dêr komst') dêr is 't Hollansk foar en Hollansk nei, en den scitt' dy ek wol ris forsinne, maet!"

„Noait!"

— „Net? Wedzje?"

„Goed. Hwer om ?"

— „Ast' it forlieste, moast in goede rie fen my oannimme."

„Hoffer?"

Sluiten