is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

as er in inkelde kear ris lins hat, kinne se net sliepe; den hearre se alle amerijen hwet, kleije se. Sims is t ek krekt as giet e moun e

wol, en dóchs witte se det er stiet.

Ho't soks forklearre wirde moat? Dêr binne guds, dy sizze. stil is 't einliks nea net; as de greate geluten, dy't men utinoar ken swije, komt der in chaos fen lytse gelütsjes for yn t plak. Sokken meitsje der hjarren to licht of, tinkt my. Is dêr kadans yn in ludchaos? Kin 't yen taharkje as 't lieden fen in klok? as t slaen fen in oaljemounle? as 't tikjen fen in horloasje ef wekker? Kin'tstadichoan óf- en tanimme en it oanheljen fen 'e wyn, it neisangerjen fen de lieden, it op en del gean fen in skyldwacht neidwaen? It wol my net

oan; ik siikje der in oare ütwei mei.

De tael jowt al wer ütslütsel, krekt as yn safolle saken, der t yens

forstan stil by stiet.

It hearren fen sokke geluten is forbylding.

„Witte jy oars net to fortellen?" seit men licht. „Det witommers

elk wol."

Ei. Hwet is forbylding den?

„Det men mient det men eat sjucht, heart, priuwt, fielt, rukt, en 't is sa net."

Ik achtsje 't in gelok, det de tael gjin ütfiners hat. Men scoene oars dy ljue bikleije moatte, sok üntankber wirk as se dien ha. Mar selden haldt in wird syn echte bitsjutting; 't giet der mei as mei in silveren pasmunt; it is krekt salang yn 'e omgong, det it mear as de helt minder wirdich is; elke hanpalm dy't it ynbart, elk pear tommeen -finger det it ütjowt, dêr is hwet silver oan hingjen bleaun, mar

safolle net det der immen in krom fen bidijde.

Eat forarbeidzje is: eat fen 't iene plak op 't oare bringe. Eat foroarje: Eat ut it oarbyld (urtype) ef syn al earder foroare foarm oerbringe. Yen eat forbylde: in byld det yen üt 'e fierte byleit, krekt salang ombyldzje, det it de skerpste foarm kriget dy't itforjwz ha km.

Dit „byld üt 'e fierte" scil wêze kinne en is ek al faek: it tinkbyld. It stiet to fier fen yen óf, dêrom bigjint men it yen io forbylden; is 't in klok en tinkt men oan tikjen ef slaen ef lieden, men scil him