is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

tikjen, slaen ef lieden hearre wolle en trochgeans ek al gau hearre; is 't it iene ef 't oare skepsel dêr't men fen tinkt det it yen gau tomjitte komme scil, men scil it sjên kommen wolle en ek al gau kommen sjên. Ensfh.

Mar 't „byld üt 'e fierte" kin ek like goed hwet oars wêze as in tinkbyld, b.g. in hearbyld ef in gesichtsbyld, al hat men by 't forbylden ek altyd wer de help fen yens tinkkrêft fen noaden.

Men heart in boatsje roeijen op 'e mar yn 'e mist; om't it lüd fen 'e riemen net de skerpste foarm is dy't men ha wol fen in boatsje, forbyldt men yen njunkelytsen det men it sjucht. Men sjucht koppen oan 'e loft; om't dit net it skerpste byld is det men fen in tongerbui krije kin (det seit syn namme ommers al) forbyldt men yen det it tongeret.

Heart, sjucht, fielt, rukt, priuwt men nou sikerwier det, hwet men yen forbyldt to hearren ensfh.?

Ik wit wol det dy fraech yen al as ünsin yn 'e earen harket, by de bitsjutting dy't it wird tsjinwirdich hat.

En döchs anderje ik: ja.

As men oan in ding tinkt, det men noait sjoen hat en men brükt yens forbyldingskrêft om it foar yen to krijen, scil it altyd — faken sünder det men der seis erch yn hat — de foarm oannimme fen eat det men wöl earder sjoen hat. Unbikende dingen, dêr't men de oare sintugen ta brüke moat, giet it krekt allyk mei.

Det komt, üs sintugen binne allegearre op hjarsels krekt as fonografen; fen alles hwet se opnimme, garje se hwet oer. Det oergarre hearren, sjên, ensfh. neame wy: it ünthald, en det wirdt by de forbylding brükt. Wy tarre sadwaende, hwer't for üs sintugen oars neat to iten en to biten is, en se döchs de kaken linich halde wolle, op üs ünthald, lyk as it kamiel op syn bult. Bigrypst nou ek lêzer, hwerom ik neat optinke kin?

Yen eat forbylde is dos: hwet opbrüke fen itjinge each, ear en smaek-, rook- en gefoel-sinen oersparre ha. Oan dy dromedaris-rêch komt fensels ek in ein, det ünderfine wy allegearre by de dei lans, en foaral for de stadich-oan opbrükte eachbylden, dy't yn ünthald biwarre