Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

XII.

Jan op reis.

In reau ünthald mei tizeprotten. — In forgelikenis fen spoaren en tsjerken, de natür as kapelmaster, in militaire marse fen Haerlem nei Hillegom en werom, mei in soldatesankje en in fodskoerring fen 'e kaptein dêr by lans en jountinzen yn 't wald ta batich saldo, en soks allegearre yn in sneltrein dy't stilstiet oan 't Sentrael-stasyon to Amsterdam. — Fen Boldoot op Oysbert Japicx yn ien stap. — In hi-waldman en in si-waldman mei Opaen Omoe-sizzers hwa't fatsoen leard wirdt. — Jan wirdt der op ferge om ut to meitsjen eft er hwèt is ef neat. — In domeny dy't Frysk praet, mar oars goed is. — Jan yn 'e knipe; deskriuwer hellet der him wer üt mei in praetsje oer gesach, üntsach en prestige, wol op 'e Aid Hou kliuwe om it Frysk Selskip wekker to galmjen, hellet der in ünderwizeresse en yet in domeny by oan, en slüt mei preekjen for stoellen en banken.

De fervers krigen de skild do't my hokkerdeis dy trie üntkaem, mar det hat mis fen my wést.

Ik sjuch nou, det it reau ünthald dêr't ik mei oan 't opwinen wier, üt langer en koarter einen bistiet. Do't ik safier wier, det Jan de nachts om trije üre hinne wekker skrille üt syn nuvere dream, hie 'k it earste ein hawn.

It twade bigjint mei in tizeprotte. 't Is de earste, mar de léste net, bin 'k bang. Nocht oan üttizen ha 'k net; ik scil him by 't goede öfskoerre en foartsmite en de oaren ek, as der mear komme mochten.

Ik bigjin nou mei 't nije ein.

* * *

De oare moarns om saun üre, yn in treddeklasse-küpé fen 'e sneltrein, dy't oan 't Sentrael-stasyon to Amsterdam ré stiet for Inkhuzen. Oer en oer biblomme ramtkes, dy't in ünhjirmliken sigen trochlitte. Under 'e banken in pear stoven mei kald wetter, om der yens foetten op to waermjen.

Sluiten