is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Op 'e efterste bank, yn 't hoekje oan 'e kant nei t Y ta, de képiman. Om seis ure fen 'e moarn is er fen Haerlem gien mei 't spoar. Brea-iten hat er yet net, dêr kinne se sa bytiid net mei stean yn 'e kaserne. Mar 't is net sa slim; it earste heale moarnskoft fen sa'n dei det er mei forlof giet, hat er noait gjin forlet fen iten, den libbet er op 'e langst nei hüs. Dy strekt op syn minst oan Inkhuzen ta en den is der op 'e boat wol in broadtsje mei hwet kofje to krijen.

Hy hat de foetten rjuchtüt op 'e bank; hy is mar allinneenmen brükt yn 't spoar safolle romte as 't kin, en sims mear. Nearne sjucht men de minsken sa Ünfatsoenlik folie plak bislaen, ef 't moast wêze yn 'e fêste manljuesbanken yn tsjerke. Spoar en tsjerke komme yn mear saken oerien. It iene moat yen nei in tiidlik forbliuwplak bringe, de oare nei in ivich. Yn beide hat men yen mar oan ien man ta to bitrouwen, graech ef net. Underweis der üt gean, kin men mei skik yn gjin fen beiden. Yn 't spoar eint it de aldsjes to hird en de jongen to sunich. Yn tsjerke ineast ek al. Hwa't itmeaste jild hat, kin yn 't spoar it béste plak krije. Yn tsjerke ek. Hokloeker de spoar-masjinist op 'e stienkoal is, nammerstomear milejild bart er boppe syn traktemint. Oan ytlike tsjerke-masjinisten to sizzen, koe 't wol bistean as krigen dy ljue ek milejild.

Mei al sokke forgelikenissen haldt de képiman him net op. Niisearst siet er fatsoenlik en hat er it ramtke efter him in skoft oan spritsen mei de letter H, hwent hy mei stomme graech ris oer 't Y sjên, as er to Amsterdam is. Mar 't joech neat, de blommen woene net teije. Bütendien, 't is ommers yet nacht, det hy hat him mar stil omkeard en syn gemak der fen nomd.

Scoe de trein hast foartgean scille? 't Is oars ek al tiid, as syn horloasje net foargiet, — mar det scil 't wol wer. Det smoarge ding wint altyd üt, sünt it do ris sa'n toarn earne stien hat, krekt as wol

it de skea ynhelje.

In forfeelsum iets, det wachtsjen, bynammen as men allinne sit. Strakjes, as 't spoar ienris rydt, is 't allinnesitten neat; den bigjint op 'e mietslach fen 'e tsjillen stadich-oan de forbyldingskrêft to wirkjen. De forbylding komt; mei de forbylding de wirden; mei de