Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

wirden sjongsumme fersen. Hwa wit, kin er net ien fen dy fersen salang ünthalde det er 't opskriuwe kin. Det mislearret oars al folie; syn forbyldingskrêft kin der min tsjin det hjar sokke dwerse kneppels lein wirde as 't klearkrijen fen papier en pötlead; den fordwynt se en nimt alles wer mei hwet se brocht: de krêftige bylden, de moaije rymslaggen, de sjongsumme miette.

Mar hy is de natür en hwa ef hwet oars de miette for him slaen wol, döchs altyd tankber, al komt der in hopen tiden fen opskriuwen ek neat. Sa'n nocht hat er oan det heal-dreamen yn 't spoar, det frij gean litten fen syn forbyldingskrêft, det driuwen op klanken. Oars hat er oan alle geraes in hekel, mar as der miette yn is, net.

Inkeld kin er ek wol hwet fêsthalde fen al dy flechtflugge bylden en klanken dy't him den troch de holle geane. Hokkerwyks yet, do't se in mars hiene nei Hillegom en werom, hat er it bigjin makke fen syn „Jountinzen yn 't wald," det him al yn 't brein omkrüst hie sünt er fen 't simmer ris op in joun yn 'e Haerlemmerhout ünder ehege, tichte beammen troch kuijere. Do helle de seksje, dy't efter sines oankaem, in fleurich soldatesankje op, om de pas oan to jaen. Hwet it wier, wit Jan net mear, mar hwet de soldaten songen en hy ünderwilens byinoar dreamde, koe wol ris in frjemd grienmank wêze, as t krektsa op 't papier kaem. Sa b.g.:

De soldaten:

Daar komme de jonges van 't vierde aan, Ze hebbe de blauwe broekies aan, 'En blauwe broek met 'n gele bies Dan ken je zien wat schorum ies.

Hi ha ho, Simon Pijpekop, esfh.

Jan ünderwilens:

'k Bin yn it wald mei myn tinzen allinne. Boppe oer my hinne....

Sluiten