is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

De soldaten:

Dan hebbe me 'n paar schoene-n-aan Om Zondags naar de kerk te gaan,

Aan elke schoen 'n groote strop,

Je schaamt je de ooge-n-uit je boerekop.

Hi, ha, ho, esfh.

Jan ünderwilens:

't Libben üntswimet de pronkwent der wykjende sinne,

Nacht spint syn dizige reagen der oer . . .

'k Bin yn it wald mei myn tinzen allinne.

De soldaten:

Napoleon, die slechte vent,

Die gaf 'n gulden tractement,

Maar Willem Drie, die beste man,

Die maakte der zeve stuivers van.

Hi, ha, ho, esfh.

Jan ünderwilens:

'k Bin yn it wald mei myn dreamen allinne . . .

De kaptein:

Zeg sersjantmajoor! Je holt als een bezetene. Wat mankeert je? Blijf bij je sectie!

Ja, sa kin 't west ha, tinkt Jan. Faeks wier 't wol in oar soldateferske, det hat er sa lyk net ünthalden, hwent as er yn 'e miettesüs brocht is en halden wirdt, jowt er him dêrom yet lang altyd gjin rekkenskip fen 'e oarsaek. Mar dy skrobbearing fen 'e kaptein is wol krekt sa jown. Dy moat him wol faker wekker roppe by sa'n gelegenheit. Op 't stran to Sandfoardt, dêr't se folie hinne geane to sjitten, is 't ek in toer om mei de holle by 't eksersearjen to bliuwen. Det komt fen 't ienlüdige sé-rüzjen.