is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

meiïnoar op 'e selde fordjipping wennet, kriget men stadichoan kinde oan inoar, mar det komt selden foar, hwent de ljue forfarre hjir ek om 't hoartsje. Ik sei: ho det sa frjemd? Forfarren is al min op 'e sljuchte groun, mar det gesjou bi dy treppens op en del. . . . ! En hwet lijt it hüsrie der ek fen, sei 'k. Mar hi sei, in bytsje skurvens oan 't güd dêr hiene de hollanske minsken net folie ünder todwaen, en to minsten sokke stêdljue net. As 't fen fierren mar hwet like. En bi det forfarren hiene se ek al wer in goede reden, sei er, ef in minne, sa't men 't neame wol. Der wirdt hjir bi de wike hier bitelle fensels, en as se nou der üt rukke de deis foar't de hier-ophelder komt, ha se wer in wike forgees wenne, hwent forhael is der net op; hwa scil al dy drokte meitsje om in pear goune hier binnen to krijen? Der binne sa forskaten, sei Ieme, dy't om 'e trije, fjouwer wiken hjar hüsbaes mei 't bêdstrie bitelje."

- „Ja, Janke sei 't ek al, 't is slim ho't de ljue hjir op biskiten üt geane." It ald minske loert by dizze wirden skean nei de meireisger yn soldateklean, mar dy liket öfwêzich. Hja giet troch: „De frouljue ha ek omraek slach fen keapjen sünder biteljen. 't Hoeft oars sa net, hwent der wirdt hjir wol goed jild forstjinne "

„Ik kin mi alteast net bigripe, hwerom dy dyamantslipers nou wer stake. Dy moatte wyks trochinoar wol sechtsjen, achtsjen goune fortsjinje, en det for arbeidersminsken. Mar 't liket döchs altydyetop en wei to wezen, hwent nou't se in wikemennich nin slach dogge, wirdt der it hiele lan troch jild for hjarren frege. Ik sei tsjin Ieme: dou scitt' wol wizer wêze en jow der neat ta? Mar hi sei der net folie op, hi is ek al hwet oan 'e soasyale kant. Dêr wirde se hjir sa't liket allegear fen oanstitsen. Ieme en Janke foroarje oars ek hielendal. Bi tiden forbylde Ieme him det er net iens mear Frysk prate koe."

— „Ja, hi forsinde him wol ris, mar scoe det ek net komme om't er op 't wirk altyd Hollansk prate moat? En ik kin oars net sizze.ik mei 't Hollansk ek hiel wol hearre. Hwet prate dy bern 't al! Lytse Minke sei al sa Ijeaf fen Opa en Omoe!"

„Ik woe ha, hja scoene se mar leare fen pake en beppe, en heit

en mem."