is toegevoegd aan uw favorieten.
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

_ „Né," seit Jan, „jy ha gelyk. En 't is de Friezen hjar eigenskild ek. Net lang forlyn moat der ien to Akkrom stien ha, dy die 't, en do't dy der krekt wier, frege in Grouster ris oan in boereminske dêr wei, ho't de nije domeny foldie. „It is oars in bést man,^ det fait net tsjin to sprekken," wier 't biskie, „mar hy praet Frysk." Dêr wier er net better om, woe se sizze. Nou, as de ljue sa tinke, is 't ommers gjin wünder det de domenys gjin Frysk mear prate wolle."

()Né. — Mar den binne ji faeks in Grouster?"

— „O hea né, ik bin fen 'e Gaestmar. Det plakje witt' jy net iens

to lizzen, tink 'k?"

„Né, dêr ha 'k wol oan." () )(]n eintsje oan de oare kant Staveren, oan 'e Heechmer mar.

„Ei. En den binne ji nou fêst for jou nümer op?"

^Né, ik bin al goed saun jier ünder tsjinst. En amperoan al dy

tiid ha 'k to Haerlem lein."

„To Haerlem seit erl O, det is yet in ein fierder as Amsterdam, nou' Det hat Ieme mi forteld; dêr moat it bi 't simmer sa moai wêze mei beammen en blommen, nou? En al saun jier forkeare ji yndizze kontryen? Nou, ji ha 't boersk praten yet net forleard. Hearre ji wol, Tsjaltsje? Dizze persoan hat al saun jier yn Hollan forkeard en hi praet yet like goed boersk as wi. Ik siz, den is 't ek mar greate mallichheit, det Ieme it nou al forleard ha scoe. - Mar al saun jier

ünder tsjinst den ha ji jo forkoft, tink k? . „

Né, ik bin frijwillich ünder tsjinst gien, al foar myn lotsjen. ",Eik'om! Den ha ji faeks ek al hwet opgong makke? Binn' ji

nou hwet?" . .

O bitter-wier spraekgebrük, det fen in sljuchtwei minske, dy oer

gjin ien hwet to sizzen hat, in neat makket!

Ja" seit Jan, „ik bin sersjant-majoar." En meiiens, bliid det er „hwet" is, oars hied er him döchs oer dy saun jier to skamjen, wiist

er op syn brede gouden strepen. ^

Just. Ji moatte rekkenje, wi boereminsken ha dêr sa nin forstan fen 'det wi 't oan 'e klean sjên kinne. Ik kom inkeld wol ris to Ljouwert en'dêr sjucht men ek wol soldatefolk, en ho't de iene for de oare,