Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

oanslacht, mar ik ha mi nea net bigripe kinnen ho't jimme elkoar ütinoar halde. Nou, der binne fêst to Haerlem ek wol mear fryske soldaten ?"

„Ja, al inkelde."

— „Kom, den ha ji döchs ris hwet oanspraek."

It dürret efkes foar't Jan hjir hwet op weromseit, en as der op 't lést in „ei ja!" üt komt, klinkt det sa unwis, det immen, hwet skerper as 't ald Waldboerke, wol fornomd ha scoe ho't it stiet mei dy oanspraek. Mar de man merkt neat; hy is fiersto bind det er seis oanspraek hat en freget, lyk as de Friezen nou ienkear for in moade ha, for 't alde gat wei foart, oer oare dingen. Syn wiif bigjint njunkelytsen ek wer tige praetsk to wirden en fortelt hwet fen leme en Janke, fen lytse Minke, fen 'e swolme tüme dêr't se jamk sa bot pine oan hawn en wol in fearnsjier mei mastere hat, fen 't kampke bou det se efter hjar hüs ha, fen 'e wein dy't net krieme woe en tsjin 'e iene peal fen 'e wringe oan rekke, en folie net genöch. En Jan soarget mar det er üt en troch mei in wirdtsje blyk jowt fen syn bilangstelling, hwent hy hat yn lang sok moai Frysk net heard. Syn earen geane to gast.

My tinkt, lezer, hy hat nou sok skoan selskip, det ik scil him oan Inkhuzen ta mar stil spoare litte en dy ünderwilens hwet fornije det er my letter bikend hat. It is oer dy oanspraek yn 'e kaserne.

De wierheit wier, det der him tsjin 'e inkelde fryske soldaten to Haerlem noait gjin frysk wird üntkaem. In reistwa hied er 't bisocht as der in nije fryske rekrüt kaem, om mei de jonge to praten yn syn eigen tael, alteast as der gjin oaren by wierne, mar 't wier

him bikomd as de houn it spek.

It koe net om 't prestige. Sa'n nijling krige ringen fiersto folie yn akte. Jan waerd ünderlizzen party yn syn striid tsjin it ieuwen lang foerre fryske folksbigryp, det Hollansk praten foarnamer is as Frysk. Hwet tüzenen der yn brocht ha en der mei mannemacht yn sjugge to halden, koe hy allinne der net ütkrije.

De man dy't it fen üs fryske domenys, pastoars, dokters, greate

Sluiten