is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Hald my frij for in driuwer, det is neat, — mar skodzje dy feale, keale sleurmantel fen dyn lea, sa't de nij-berne dei de skiere nacht öfskoddet!

Smyt, ast' wekker wirdst, de han werom, dy't dy ut 'e sliep reage

hat, — mar wird wekker!

Hwent „de dage riist en poarpren ljacht leit oer it drögjend gea" !

O, ik scoe wol op 'e Aid Hou steangean, en in lüd as dy skiere reus syn swierste klok ha wolle, den scoe 'k dy tagalmje: To döchs, to döchs, Frysk Selskip! Tiid op! Tiid op!

* .*

*

En as nou it jonge Fryslan yn 'e wapens is, hwet den ?

Moatte se den allegearre oan 't Frysk skriuwen?

Né, oan 't Frysk praten dêr't it foech jowt en fortuten dwaen kin. En det ek ienriedich folhalde, as se neitiid heiten en memmen wirde,

en boargers en boargeressen.

Ik ken in ünderwizeres hjir by om, in tige frysk fanke, dy't lykwol tsjin hjar skoalbern Hollansk praet, büten skoaltiid ek.^

Ik ha hjar ris frege, hwerom. „Oars kin 'k der gjin üntsach yn halde," sei se. „Do't ik hjir krekt wier, kaem ik wol ris by ljue oan hüs dy't my koene, om't ik hjir tichte by wei bin. Nou, dy minsken neamden my den folie by de foarnamme, en hjar bern, dy't by my op skoalle gyngen, diene it ek, do't se det hearden, sünder det de alden it hjar forbeaën Letter mirk ik det dyselde alden hjar bern wol yn 'e bileefdens ünderrjuchten, as der ien by hjarren oer 'e flier kaem dy't Hollansk praette, al wier 't den ek in Fries. En sa ha se it my to A. net allinne ünmooglik makke om Frysk tsjin 'e bern to praten, mar ik sjuch de alden earst ek wol tige oan, foar't ik Frysk tsjin hjar praet. As ik bang bin det se üt myn tael it rjucht nimme scille om my mei minder achting oan to sprekken en fen hjar bern oansprekke

to litten as oars, den praet ik Hollansk."

Ik wist net rjucht hwet ik der folie fen sizze scoe. Sa wier t... jan ommers ek hast gien. Mar hwet letter hiene wy de algemiene gearkomste fen 't selskip hjir op 't Fean, en do forhelle ik it gefal oan in frjeon, in boppemaster.