Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

det me simmerdei yn 'e skürre rydt. It bisakket yn 'e gollen, mar wirdt net wei; it broeit, mar it barnt net, noch forliest syn helm, hwent de broei is licht, om't it hea woan is do't de ljurk heech kleau en de sinne ünbihindere syn strielen oer it mêd geat. En as de dagen komme det it greate each fen 'e ierde ófsjucht en de sinne hjar bern skouderet; as de skaden lang bliuwe en de stoppel net wer ütrint; as de beamtüke hinget, mar net fen frucht; it mêd wyt is, mar net fen dauwe, den scil it syn nut dwaen. Den scil de hüsman de seine priisgje dy't fen 'e mier yn 'e swinge hongen is, en de haeijer greatsk wêze op it yl yn syn hannen, as er de riuwe twisken 'e tekspierren lizzen sjucht. Hwent in hiel bislach bisten tart op 'e frucht fen hjar

flitigens en wirdt sêd.

Wêze den op dyn iepenst, det nin swym dyn each üntkomt, noch nin klank dyn ear foarby giet. Swylje gear al hwet foar dyn fiet leit en biwarje it yn 'e skürren fen dyn ünthald, det dyn moed net toar wirdt en dyn herte to nintere tiid om tinzen forlegen wêze mei, noch dyn müle om wirden. Hwent de dagen komme det de siedder net rispje scil, det de mier net meant, noch de haeijer net haeit, en it ierdryk syn skerte tahaldt. Den scitte dyn each seinje om't it opmirk en dyn ear om't it harke.

***

„Ha jimme ek lést fen sésiikte?" freget Jan syn selskip, as se op 't dek steane en it ald minske de rokken gearnimt om by de kajuts-

treppens del to gean.

„Op 'e hinnereis is 't goed gien," anderet de hi-waldman.

— „Soa, oars scoe 'k ljeaver boppe bliuwe. Det doch ik ek, alteast yn 'e earste opslach. Net om't ik bang bin det ik it ünder yn 'e boat to pakken krije scil, - ik bin fen bern óf oan op 't wetter biwend, mar ik mei graech de iepen sé sjên."

„Hi" stiet efkes yn bistan, mar as „si" seit: „Ik gong ljeaver del, hwent as ik de weagen röljen sjuch, krij 'k it just wei, ha 'k soarch, en de wyn is ek sa skerp," giet er sünder mear praetsjes syn sydsilver efternei, en it docht bliken det waldwyfkes likegoed altyd hjar sin krije as oare.

Sluiten