Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

leare. Wis, der leit poësye yn klank, sa't der libben is yn 't earste gekryt fen in bern. Mar de sprake is de kroane fen in minske' löd en in klank sünder bitsjutting is as in latnpe sünder glês, dy't wol

barnt mar gjin ljacht genöch jowt...."

* *

Jan hie hjir yet al mear oer to sizzen, mar ik lit him wer los en

nim him de wirden üt 'e müle.

Ik achtsje 't tiid, om to warskögjen for 't siikjen nei klank yn fersen en proaza. Ik sjuch tsjinwirdich gauris wirden stean hwer't se neffens hjar bitsjutting mar heal hearre, ef sims hielendal net. Ik sjuch ek tinzen gearkrongen en geartwongen yn fêste foarmen, sa binypt as

in skoaljongespakje.

Det hat men, as men nei de leare to wirk giet!

Dichter! jow hwet yn dy libbet, mear net en minder net, en jow

it sa't it to ikker stiet!

Mykje, siikje, pasje, mjit en skaef net, noch hald to lead ! Foart mei al dy ditten en datten dy't üt dyn ünthald, mar net üt dyn herte binne en „to pas komme kinne by 't meitsjen(!) fen in fers." Meitsje fen dyn moed gjin draeioargel, det deuntsjes ütdreunt neffens de noatlokken yn in goed bipast en bimetten stik blyk! Jaen dyn skeppingswirk oer oan 'e tiden, ast' sjuchst det it goed is, en oars: hald it efterbaks.

Sjz b.g. net: ik scil de natür bisjonge yn in sonnette. Hwent it poenen fen 'e snaren is net as it bakken fen in fiifpouns brea, mar as de wyn dy't de wolkens üntgiet en net wit eft er streakje scil oer sljucht lan ef bolderje oer bergen.

Lit dysels bitsjen.

En foaral en biljeaven: bisiikje dyn sang net oan to foljen mei de toanen dy't in oarmans balke üntsluerkje. Hwent twa üngelikense heiten binne noait ien hielen-ien, en de Aldhou bliuwt stomp, al stiet

der in flaggestók op!

It scil de lezers wol raer binije det ik dit sizze doar. De mule is my noch wiet fen 't praten yn bibelstyl; Ünder 't klankboerd fen myn dichterstoel sangeret de wize yet nei, dy't ik Longfellow öfharke ha.

Sluiten