Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

weiding fen üs geast is mar o sa'n dripke rommer as do't wy yet omlegen bliuwe moasten. Us omskot, flesk en bloed en dos moude, ljachtsje wy troch, mar hwer binne de X-stnelen dy t it ün-

stoflike det yn üs is bleat lizze ?

Wy kinne en kenne alles om üs ta, mar ussels kenne we net,

likemin as do't it minskdom yet yn syn widze laei.

Ef doar men sizze det wy nou witte: hwerfor wy us skamje; ho't it komt det der earmoede is; hwerotn God — myn God! ne Ünder üs tek tahaldt; hwet üs driuwt ta oarlogjen?

Men moat my net oankomme mei it restje oarsaken dyt for dit allegearre wol ris oanfierd wirde. As 't de rjuchte wieme, ef ljeaver as men fêst wist det men de saek by de rjuchte ein hiene, scoe der forbettering komme. Ik hald üt det witten, fêst witten fen 't ho en hwerom al dy efterlikens weinimme, en de dei oer 't minskdom opgean litte scoe. Sjucht men b.g. net yn, det üs striid tsjin 'e oarloch neat jowt, just om't einliks nimmen yet rjucht klearrichheit hat fen e reden dy't for 'e folken bistean kinne, om elkoar to formoardzjen, ef, vn elk gefal, om't men 't oer de reden net iens is? Gjin kanün scil mear bolderje, gjin torpedoboat mear syn freeslike skipbrekkers loslitte, as ris ienkear de kennisse fen dy reden algemien wirdt Hwent de maetskippy kin neat to forliezen ha, sa kostber as minskebloe .

Mar om oan 'e kennisse dy't hjirta foreaske wirdt to kommen, is mear nedich as goede wille. Tsaer Nikolaes II hat, mei syn fredeskonferinsje fen 't jier do-en-do, dien as de man dy't de gaspit op syn keamer ütbloes en do op bêd gyng, yn 't bisef det der g,.n gefaer fen bran wier en er sadwaende syn holle rêstich dellizze koe. Nou,

bran kaem der ek net, mar de oare moarns ...

Earm Ruslan, det op dit stuit smoart yn 'e gefolgen fen dy falske gerêstens! Yet altyd leau ik nammentlik, det it de Tsaer wol tinken wier mei syn bisiikjen om .... it gas üt to krijen en er derom «n hiele bulte wêze litten hat, hwet er oars grif tid.ch dien hie. Ik wit wol, de kranten ha hwet oars to fortellen. Deselde bledden dy him do boppe de macht tilden en as fredefoarst it „Hosianna yn e h^<*s e himmelen" tomiette röppen, jowe him nou fen alles de skil . e

Sluiten