is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Sa fielt, om mar ien foarbyld to neamen, it fryske skoalbern, as 't Hollansk ünder 'e eagen kriget, foart al det dit en 't Frysk twa

binne. It gelderske bern fielt soks net. Det tinkt och ik wit net

hwet it tinkt, mar wol doar ik sizze det it letter syn tongslach forbastere Nederlansk neamt. Ik ha dit fornomd oan soldaten üt alle oarden fen Nederlan dêr't de tael Saksysk ef Frankysk fen bou-oarder is. Det it net wier is, docht nou neat ta de saek; fen Friezen hearde 'k it noait efte nimmer net.

„Hwerom ha jy safolle mei 't Frysk op?"

Jan „wist it net goed", en joech in andert det — ik stim de man dy't him dy frage die, hjiryn mei, — by de bern öf wier, alteast neat oars sei as 't „omdöch" det üs spes patriae foaren-oan yn 'e müle leit.

Ik wit it wol goed. En just dêrom jow ik op dizze frage it biskie det ik jaen scoe op güds as: hwerom sykhellest? hwerom yt en drinkst? hwerom haldst fen dyn alden? It is det selde berne-andert:

Omdöch!

Ik kin 't net foar my krije, det ik ek oars wêze koe; det ik nèt halde scoe fen myn eigen tael.

't Hearenfean, 1905.

XV.

Jan thüs.

In öfskie fen 'e wrald, dy't for dizze bisündere gelegenheit op tsjillen is. — In buike lyryk. — In thüskommen sünder folie spil. — In joun dy't ynset mei sükelarje-mölke en praterlj oer it soldatelibben. — Forgelikenissen twisken it faderlans-fordigenjen fen do en nou. — Soldatewirden en signalesankjes. — In stik bou det op 'e risper wachtet. — De skriuwer fljucht alderwenst wer fen 'e hikke op 'e daem, en fen 'e daem op it üleboerd; hy hat it oer letterkinde, taelgeleardens, sielkinde en folkslegers en giet der hast like rüch by lans, as wirdfierders op politike forgearringen.