is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„Oudega!"

Och kondukteur, 't hie net ienris hoefd. De iennichste reisger for dit stasyon stiet al op 't perron. Hy hat der in pürswarte han oan weage, en seis it doarke iependien, det him yet skaette fen syn tuzen-

Wyls't er syn kaertsje oerjowt oan 'e stasyonsjef-telegrafist-kontroleur-en-annekse-bitsjinningen-bitsjinner, set de lokomotyf al wer oan.

For de iensume reisger is 't de wrald dy't dêr hinne rollet, en him, „tüchje oan 'e skealjen!" earst oer fjirtsjen dagen wer oanhelje en opnimme scil. Efkes eaget er him nei en ropt him, mei in herte det net botte swier oer 't ófskie tilt, for salang in farwol ta, den stapt er hastich op. Hy hat yet in goed ure op 'e bilwein to riden, for 't

greatste part troch 't lan, foar't er thüs is.

Langst hat er slim. Hwa, dy't ek mar ienris yn 't jier in fjirtsjen

dagen thüskomt, hat der niget oan?

Bütendet moat er oanrinne, as er foar tsjuster thus wol, en fries

it det it ongelet. ..

En döchs bilytset him de dei net, hat er fen e kjeld gjin lest

en fait de tiid him net lang op 't paed.

De thüswei nei 't plak, dêr't men jong west hat, is in nuvere

wei, fol wünderbaerlikheden.

Det fornimt Jan nou ek, en net for 't earst fen syn libben.

* * *

Ho leit de lette dei sa ljacht oer 't lan, dêr't dóchs de winter wald oer hat; ho lit de sinne yn 't sinken safolle gloede nei, safolle

gouden glans? .

As oars by 't winter 't skaed wer linget, giet it ljacht sa hastich

fen 'e loft; men sjucht de tsjust'rens winnen; fielt ho't de swarte

nacht yen yn syn klaed biwoellet; fornimt de sêfte hertslach fen'e dei

net langer, allyk men, yn 'e hüs, nei't steanbleaun is de klok, syn

tik-tak net mear heart, howol 't steanbliuwen-sels yen jimmerwei

üntkomt .... , ,

Nou bliuwt, sa 't liket, ljacht en libben yette in hoart; nou wol