Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

de dei net foart; nou mei de nacht net komme! 't Mei siker hast bistean, det yn syn gean de sinne syn strielen efterlit as ünforfearde striders .... enfants perdu .... mar dy't hjar libben djür forkeapje en 't ljacht syn ein-ierd ryk yett' lang üntkeare oan 't tsjuster !

Ho leit de lette dei sa ljacht oer 't lan, dêr't döchs de winter wald oer hat . . .?

En beammen en huzen oan opfeart en wei,

Dy anderje glimkjend: goêndei, ja goêndei!

Wy witte it! wy witte it! al sakket de sinne,

Mei stadich syn gloede oan 'e kimen torinne,

't Is 't ljacht fen dyn jeugd det oer 't lan hinne leit, En 't wykjen for joundize en nachtswart forseit!

Ho giet nou troch de lea sa'n waerm, sa'n wünder fielen; ho fearret ünder 't gean de flugge foet sa licht, sa linich 't lichem op, as prike yn 't bloed de weelde, dy 't iere foarjier utjiet yn yens libbensboarne?

Yett' haldt de winter 't ierdryk yn syn iiz'ge earmen. Yett', sa't in wrange smaek, ef bitt're wédom gearlükt yens antlit, lukt defroast üs leechlans antlit gear; it huv'ret, skronf'let, stjert, det wiid, biweechlik wetter, dêr't leechlans siele yn laei, syn dea-rêst nou üt sprekt! Yett' hinget de oesdrip stiif; yett' tögje swier de tüken fen 't keale beamte oer 't bierklaed, det de wolkens spraetten

Mar nuver is 't, — oars knypt, as 't jounich wirdt by 't winter, de froast yett' felder ta, de kjeld kringt fülder troch, — ho giet nou troch de lea sa'n waerm, sa'n wünder fielen?

En plakken en pleatsen, sa fier yn it roun,

Dy anderje frjeonlik: yett' soun, ja, yet soun?

Wy witte it! wy witte it! de froast mei wol stringe,

Troch tek-reid en seadde de winterkjeld kringe, Dyn bernetiid is 't, dy't oer 'e omkriten leit En 't wykjen for froastwald en winter forseit!

Sluiten