is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Ho rekket nou de holle, oars wend oan miette en regel, 't bigryp fen ure en tiid, fen do en nou, sa bjuster? Ho wirdt nou 't jier in

dei, ho wirdt de dei in jier?

Hwet jister barde, it leit bidobbe yn 't lange forline, en tjierren

lang forline is juster bard, ja hjoed! Hwet fen 'e moarn, hwet nus

yett' foarm en wezen krige, as 't jimmer wirksutn brein oan t just

forlitt'ne tocht, is nou forgoed fordwoun üt 'e eachweid fen 'e geast,

wvls't bylden, oars sa wif, nou helder wirden binne! Niis ruze yn e

earen yett' de wearklank fen 'e drokte en 't woel-wif hinne-en-wer fen

greate stêdden nei, — folie eig'ner klank hat nou 't ünthatd to jaen

oan 't herte . .

Ho rekket dóchs de holle, oars wend oan miette en regel, t bigryp fen ure en tiid, fen do en nou, sa bjuster?

En 't toerke yn 'e fierte en de mounle yn 't krus Dy roppe sa lüd: wolkom thüs! wolkom thüs!

Wy witte it! wy witte it! ho't de uren forgeane Yn 't ryk fen 'e greaten, de jierren forfleane,

Dyn berneryk is 't, det nou foar dy wer leit

En, ivich! it harkjen nei de uren forseit!

%*

Mei dizze ynlieding ta üs forlofgonger syn thüskommen tink ik

to folstean. It thuskommen-sels slaen ik oer.

Der foei ek neat gjin bisünders by foar; gjin tomiette kommen mei beide hannen yn 'e hichte, gjin om 'e hals fallen noch neat. Soks leit net yn 't fryske aerd. Opgroeid yn in lan dêr't de natur noait ut 'e alde stap komt, dogge wy seis ek alles mei fordrach. Hwet der e to-fjür hingje mei yn üs herte, oersiede docht it net licht

Mar forkoaitsje ef oanbarne like min, inkelde utlanske lezer dy

ik mülk ris birikke mocht mei myn pinne!

Ljeafde en frjeonskip kinne dürje yn Fryslan. Hate en f°racht'ng ek - en hwa hat der niget oan? 't Skaed is altyd neffens t ljacht Mar wy witte üs yn to binen, yn 't iene sa goed as yn toare. we yn üs herte is, litte wy nea net sjên en selden fiele.