Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

XHBI

Dit scil 't him dwaen det wy troch hiele Nederlan for stymsk en stjuch geane.

Hawar, ik kin 't net helpe: ik hald itmei stymskens en stjuggens, as de floatigens socht wirde moat yn uterlikheden! Hwet lüd klinkt, is meastal hol en leech, mar yn 't bisletten herte wirdt in bulte biwarre.

Né, der foei net folie foar by Jan syn thüskommen. Der waerd füstke, — en det seach men. En fen beide kanten wier 't in bliid wersjên, — mar dy blidens dêr seach men neat fen, ef alteast net folie. Mem mocht yn 't earst ris siikje om in ding det se al yn 'e hannen hie, ef in reis hinne en werom dwaen nei it bit, sünder det der hwet üt ef om to spielen wier, mar det wier ek alles.

De jouns fine wy de hiele hushalding om 'e tafel. Der wirdt mólkedronken: sükelarjemölke is ien fen 'e mêste keallen dy't slachte wirde yn 'e tiid det Jan thüs ütfenhüzet. Underwilens forhellet de forlofgonger fen 'e greate dieden dy't er, sünt forline jier om distiid, forrjuchte hat, as faderlanske „krijgsman hard als staal, en bitterder dan roet."

Foaral omke Bouwe, dizze earste jouns alderwenst ek yn 't formidden, stelt dêr in bulte bilang yn. Hy hat foar in diel jierren seis ek ünder tsjinst west, al wier 't den mar for syn nümer, en kin dos mei kennis fen saken harkje en oardielje.

Ut en troch forgeliket er syn ünderfiningen mei Jan sines. Yn syn tiden gyng it faderlans-fordigenjen hiel oars yn syn wirken as tsjinwirdich, — en döchs ek wer krekt allyk, it Ieit der mar oan fen hoffer kant men it bisköget. Dodestiids moast bygelyks de „pink" op 'e naed fen 'e broek, nou moat de tomme der op; bütedet hjit de naed nou biis. Do diene de soldaten 115 trêd yn 't minüt, nou dogge se 120. Do droegen se in sjako (in „brandemmer" oars sein), ef in polysjemütse, („de galeisjepüdei" neamde Jan omke sines do't hy as streupert mei syn fjirde jier, en omke mei oerwinnen ef stjerren dwaende wier,) nou ha se in képi op, ef in klotske: sünder skaed, lyk as de polysjemütse, mar ek, net as de polysjemütse, sünder de

|

I

Sluiten